Dielnimmers

KrúspuntDielnimmers

By de oprjochting fan Krúspunt is fêstlein dat organisaasjes dy’t har mei it doel fan Krúspunt ferienigje kinne, de mooglikheid ha om har oan te sluten as dielnimmende organisaasje.

It doel fan Krúspunt is:
Moetingsplak te wêzen foar alle organisaasjes  dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerken.

Binne jimme ek in organisaasje dy’t de Fryske taal of in Fryske streektaal brûkt by kristlik-spirituele en/of tsjerklike aktiviteiten?
Slút jim dan oan by Krúspunt, ít sintrale sammelplak yn Fryslân dêr’t alle Frysktalige, religieuze uteringen byinoar komme en mei-inoar dield wurde kinne, sadat Fryske organisaasjes en Frysktalige aktiviteiten inoar mear fersterkje kinne.
Mei help fan ús website www.kruspunt.frl biede wy in databank mei relevante ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn lieten en gedichten, liturgy, tsjinsten en diskusjerûnten, mei links en aktualiteiten, mei fideo, foto’s en muzyk.

Om Krúspunt ta in sukses te meitsjen hat Krúspunt ek jimme organisaasje nedich! Slút jimme by ús oan, ynformearje ús en hâld ús op ‘e hichte fan jim aktiviteiten. Klik hjir op oanmeldingsformulier om jimme organisaasje op te jaan. Sjoch hjir de list fan dielnimmende organisaasjes.

Organisaasjes kinne gjin stiper wurde fan de stifting mar har wol fergees oanslute.
Wol in organisaasje de stifting dochs finansjieel stypje , dan kin dat allinnich troch it oermeitsjen fan in ynsidintele jefte.

Wolle jo josels as persoan opjaan klik dan op stipersformulier.