Pylgertocht 6 april 2024
Bêste pylgers,
De earstfolgjende pylgertocht sil wêze op 6 april. Wy binne yn ’e tsjerke fan Dedzjum: ynrin fan 9.30 oere ôf. De tsjerke is o sa de muoite wurdich, ûnder oaren om it âlde oerwurk, dêr’t Willem Poelstra it nedige oer fertelle sil.
Fan Dedzjum rinne wy nei Hieslum. Herre Heeres sil dêr ynformaasje jaan oer de tsjerke, dy’t foar rou- en troutsjinsten brûkt wurdt en foar tenielfoarstellings. Op it hôf binne de grêven fan ’e bemanning fan in Lancaster dy’t yn 1943 yn ’e Poel delstoarten is. Piet van der Meer sil dêr mear oer fertelle.
Yn ’e Poel leit kemping Heeres, dêr’t in brochje mei molke en sûpe klearstiet. Dêrwei geane wy nei de Trekfeart om dêr oerset te wurden. Guon dy’t net rinne, mar fytse, moatte dit eintsje misse. De oerstek giet nei de Surein, it súdlikste partsje fan ’e eardere Parregeaster of Sudermar.
Fan ’e mar rinne wy nei Parregea, en dêrwei wer nei Dedzjum werom. Foar dy’t dat wol is der noch in neisit yn ’e Gearhing te Parregea. De ûnkosten foar de pylgertocht binne € 10. Opjaan by Tineke Bleeker (oant en mei 3 april): tineke.bleeker@gmail.com.