Krúspuntdei 2024 te Akkrum

Krúspuntdei 2024 te Akkrum

Sneon 20 april is de jierlikse Krúspuntdei holden yn Akkrum. Der wiene alles meiinoar in lytse 40 minsken. Wessel Rozendal is foardroegen as bestjoerslid troch de stifting YKFE, en dy foardracht giene de oanwêzigen graach mei akkoart. Der wiene ynliedingen fan Tytsje Hibma, Gerda Keizer en Catrinus Corporaal, fan Hinne Wagenaar en fan Ageeth de Vries. Tuskentroch is der mei ynmoed songen ûnder lieding Geart van der Heide. De dei waard ôfsletten mei in fesper, mei as foargongers Catrinus Corporaal en Gerda Keizer, en muzikale meiwurking fan it Huzumer Kwartet en Geart van der Heide.

In ferslach fan Tryntsje van der Veer is hjir te lêzen.

Kruspuntdei-2024-Gerda-Keijzer

Afbeelding 1 van 5