Útstjoerings Tsjerketsjinsten Fryslân
Yn septimber set Omrop Fryslân wer útein mei rjochtstreekse útstjoerings fan tsjerketsjinsten op sneintemoarn om 10.00 oere (werhelling om 12.00 oere). Yn septimber sille de tsjinsten fan “Tsjerke fan de Moanne” útstjoerd wurde fanút de Sint Piter-tsjerke yn Grou. Trije kear sil de eigen dûmny fan de gemeente Grou-Jirnsum, da. Marije Hage, de tsjinst liede; op 10 septimber is ds. Wim Andel fan Aldegea (SWF) gastfoargonger. Fêste kantor-oargelist is Carl Visser; hy bespilet it Van Dam-oargel (1853).
De tsjerketsjinsten op Omrop Fryslân wurde organisearre troch de Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân yn oparbeidzjen mei de pleatslike gemeenten. Sûnt de útbraak fan de koroana-pandemy yn maart 2020 binne al mear as 150 tsjinsten útstjoerd. Foar in protte minsken dy’t oan hûs bûn binne, is de TV-tsjinst op sneintemoarn fêste prik; oare minsken gean earst nei de eigen tsjerke of sjogge nei de livestream en sjogge dêrnei nei de werhelling om 12.00 oere op Omrop Fryslân. Op dy wize foarsjogge de TV-tsjinsten alle wiken yn in grut ferlet fan minsken yn Fryslân en fan party Friezen om utens.
Foar mear ynformaasje:
Jelle de Jong (foarsitter): 0653707036
Alex Riemeersma (skriuwer): 0651334778