Hoop as libbenshâlding
Op snein 11 febrewaris fynt yn Balk (De Paadwizer, Siemen de Jongstrj. 2) de premjêre plak fan in nije kantate fan Eppie Dam en Jan de Jong: De hertslach fan in stjer. De kantate wurdt útfierd troch it Kwartettekoar ûnder lieding fan Feike van Tuinen. Liuwe Westra, foarsitter fan Krúspunt, sil in koart ynliedend wurd sprekke.
“Hoop as libbenshâlding
De ierde is yn lêst en de wrâld fierder fan hûs as oait. Do silst mar leauwige wêze yn dizze tiid, goed opbrocht yn geloof, hoop en leafde. Foar in protte minsken mear ballêst as befrijing. En likegoed betsjut hoop noch wat yn de gloednije kantate De hertslach fan in stjer fan Eppie Dam en Jan de Jong. Dy giet snein 11 febrewaris om 15.00 oere yn premjêre yn De Paadwizer yn Balk. Utfierd troch de betûfte sjongers fan It Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen.
Sa’t we Eppie Dam as lietdichter kenne, komt net alle seine hjir fan boppen. Krekt oarsom, it begjint altyd ûnder. We moatte gjin wûnders ferwachtsje, behalve fan ússels. Net om ’e nocht stiet boppe de ynlieding op de kantate in sitaat fan de Flaamse auteur Stefan Hertmans: ‘Hoop is een attitude; het goede nieuws: die kun je aanleren.’ Hoop as libbenshâlding.
Yn acht lêsteksten en acht lieten wurdt fan de hoop noch wat makke. Net tsjin better witten yn, want better witte wij. De stjer út ljocht ûntstien sprekt fan leafde mei bevend en klopjend hert. Moaier kin in mins geloof net meitsje.”