Bernard Smilde priis 2023

Bernard Smilde priis 2023

Oant 2020 ta hat it bestjoer fan de Stifting Krúspunt besocht om de Bernard Smilde Priis ta te kennen foar in nij tsjerkeliet. Mar de lêste jierren is dat in pear kear net slagge. It doel fan de priis wie om minsken oan te trúnjen in nij tsjerkeliet te meitsjen of in besteand liet nei it Frysk oer te setten.

Op dit stuit is it miskien better ús te rjochtsjen op it tagonklik meitsjen fan de lieten en teksten, dy’t der binne. Der binne no trije nije bondels fol mei brûkbere lieten: “Lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke”, “Lieten fan leauwe en langstme” en “Hertslach”. Ek wurdt der geregeldwei los Frysk “materiaal” publisearre.

Foar de nije opset fan de Bernard Smilde priis, út te rikken yn 2023, komme yn oanmerking:

Persoanen en/of organisaasjes dy’t him/ har der foar ynspand hawwe dat nije, oersette en besteande Fryske kristlike lieten en/of teksten, heard, songen en/of lêzen wurde.

De priis sil ien kear yn de twa jier útrikt wurde oan in persoan of oan in organisaasje.

De priis bestiet út in oarkonde, in bosk blommen en in bedrach fan € 475,- 

  • der kinne ien kear yn de twa jier nammen fan persoanen en/of nammen fan organisaasjes yntsjinne wurde, tagelyk mei in dúdlik omskreaune motivaasje werom ’t de namme van de persoan of de organisaasje foardroegen wurdt,
  • de foardroegen namme en motivaasje moat digitaal stjoerd wurde nei bsp@kruspunt.nl of per post nei
    BSP priis, Waaksenserwei 2, 8823 SX Lollum,
  • De slutingsdatum om in namme en motivaasje yn te stjoeren is 15 febrewaris 2023,
  • in ûnôfhinklike sjuery makket in kar út de foardroegen nammen fan persoanen en/of organisaasjes oan wa’t de priis takend wurdt; dêrby kin de sjuery gebrûk meitsje fan de mooglikheid om op hokker wize ek te ferifiearjen oft de yntsjinne motivaasje kloppet,
  • der kin net oer de útslach korrespondearre wurde,
  • de priiswinner(ster) krijt de priis útrikt op de Krúspuntdei fan 2023.
  • de sjuery bestiet út trije persoanen: pater Peter van der Weide (foar 1 jier), Grytsje Kingma en Tytsje Hibma.
  • ien fan de sjueryleden skriuwt út namme fan de oare twa it sjueryrapport,
  • it opstelde sjueryrapport wurdt foarlêzen op de Krúspuntdei 2023 en wurdt publisearre op de Krúspunt webside.

Opmerking:
It Krúspuntbestjoer hat it foech om tuskentiids, nei in útrikking, it doel en de betingsten by te stellen.