Pylgerkuier 14 oktober Ald- en Nijhoarne
Op sneon 14 oktober wurdt der wer in Pylgerkuier organisearre, dizze kear út Ald- en Nijhoarne wei. Fan 9.15 oere binne jo wolkom yn ’e tsjerke fan Nijhoarne (Skoatterlânskewei 38).
Om 10 oere is der yn tsjerke in koarte fiering, dêrnei giet it rûntsje oer Ketlik en Aldhoarne en wer werom. De kosten binne € 7,50, leafst kontant mei te nimmen.
Opjefte foar 10 oktober by Pietsje van der Molen: pietsjevdmolen@hetnet.nl / 06-25278905.