Fryske fesper 24 septimber 2023 yn Ljouwert

Fryske fesper 24 septimber 2023 yn Ljouwert

Nei in simmer mei in soad (waar-)gesichten sette wy wer útein mei de Fryske fesper. Dat sil wêze yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke op snein 24 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere.
Wy binne bliid dat net allinne de minsken yn tsjerke de fesper fiere. Digitaal is dat ek wer mooglik en hite wy dy harkers fan herten wolkom om de tsjinst mei ús mei te fieren. Dat kin fia de site http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl.

Yn dizze tsjinst sil foargean ds. A.H. Boschma fan Ljouwert/Aldlân, wylst Nynke Eringa de lêzingen fersoarget. Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang en it Huzumer Kwartet soarget ek foar in muzikale bydrage.

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze earste fesper-fiering fan it nije seizoen.
De folgjende fespers sille yn dit jier 2023 by libben en wolwêzen plak fine op 22 oktober en 26 novimber.