Krúspuntdei 2022

Krúspuntdei 2022

Utnûging foar de KRUSPUNTDEI 2022  

op sneon 9 april yn de De Lantearne, Dringelwei 15 yn Akkrum

Wol graach yn ferbân mei de catering yn ’t foar opjaan fia adm@krúspunt of jo de moarns, middeis of de hiele dei komme

Tema fan de dei: Bernard Smilde

It wie 23 jannewaris 2022 hûndert jier lyn dat Bernard Smilde berne waard.

Yndieling fan de dei (mei in yndikaasje fan de tiden)
10.00:  Ynrin mei kofje/tee
10.30:  Iepening troch de foarsitter Sipke Huismans
10.35:  Jierferslaggen ponghâlder en skriuwer (sjoch bylagen)
– bestjoersferkiezing: Geart van der Heide en Jan van der Mark nimme ôfskied en
dr. Liuwe Westra en Tryntsje van der Veer binne kandidaat om dizze plakken yn te nimmen.
– Bernard Smilde Priis: de nije opset fan de priis en de leden fan de sjuery wurde bekend
makke.
11.00:  Sjonge út ‘Lieten fan leauwe en langstme’ (lieteboeken binne oanwêzich)
11.15:  Sipke Huismans oer Bernard Smilde en yndieling fan de dei.
11.30:  Alex Riemersma ( ferfongen troch Martha de Boer -van Sloo ten) fertelt oer 30 jier Fryske Fespers yn Ljouwert
11.45:  Lútsen Kooistra fertelt oer de Fryske Bibel oersetting 1978 en 2021
12.00:  Sjonge út ’Lieten fan Leauwe en langstme’
12.15:  Skoft: kop sop mei eigen meinommen brochje. Ek bedoeld foar de leden fan it
Kwartettekoar.
13.00:  Dr. Liuwe Westra oer Bernard Smilde as bibeloersetter en Geart van der Heide oer dichter
komponist Bernard Smilde oan de hân fan syn lieten.
13.45:  Gelegenheid foar it stellen fan fragen oer it foargeande.

14.00:  Skoft mei kofje en tee en ferpleatsing nei de tsjerke.
By it ferlitten fan de Lantearne wurdt der by de útgong in kollekte hâlden foar de ûnkosten.

14.15: – lieten fan Bernard Smilde útfierd troch Tryntsje van der Veer en Geart van der Heide.
– sjonge fan de lieten dy’t besprutsen binne troch Geart van der Heide.
– ûnder lieding fan Feike fan Tuinen sjongt it Kwartettekoar eigen muzyk, oanfolle mei lieten
fan Bernard Smilde.
15.15:  Fesper û.l.f. ds. Liuwe Westra û.o. mei lieten fan Bernard Smilde. Hjir wurkje de leden
fan it Kwartettekoar ek oan mei. Oargelbegelieding fan Geart van der Heide.
15.45:  Sluting

Yn de Lantearne is in boeketafel foar de oanskaf fan boeken, lietebondels en cd’s ensfh.