Iepening monumint Aldekleaster by Hartwert

Iepening monumint Aldekleaster by Hartwert

Op sneon 10 juny is der by Hartwert in monumint ûntbleate op it plak fan it eardere Aldekleaster of Blomkamp. De stifting Krúspunt wie dêr op twa menieren yndirekt by belutsen. Alderearst: it idee foar in monumint wie in âlde winsk fan pastoar Jan van der Wal, âld-bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun en it Kristlik Frysk Selskip. Hy hat der altyd foar pleite dat der op dat plak, dêr’t safolle moais en safolle freesliks bard is, in monumint komme soe.

Op ’e Krúspuntdei fan 2017 makken de dielnimmers in koarte kuier oer it saneamde Hartwerter kleasterrûntsje. Dêrby waard ek wer it plak fan it Aldekleaster oandien, en kaam by de neisit yn it doarpshûs op ’en nij it idee fan in monumint op it aljemint. Dat idee waard oppikt troch in tal Hartwerters, en dy besleaten der wurk fan te meitsjen.

Sa ûntstie de stifting Monumint Aldekleaster, en lang om let is it dy stifting slagge it monumint te réalisearjen. It monumint bestiet út in lyts muorke fan autentike âlde friezen dy’t noch út it kleaster komme (mei tank oan Nijkleaster, dy’t se al krige hie!) mei in finster dêr’t jo presys troch útsjogge op it plak dêr’t it kleaster net mear is. Ynformaasjebuorden jouwe in prachtige yndruk hoe grut en bysûnder oft it kompleks yn syn gloarjetiid wol net west hat.

It monumint waard ûntbleate troch Hans Mol, emearitus heechlearaar yn ’e skiednis fan ’e Fryske lannen mei help fan foarsitter Pyt Jaarsma. It monumint waard ludyk ynseinige troch Titus Hettinga yn ’e rol fan abt. It monumint leit in eintsje it lân yn (oer in betonpaad) fan ’e Kleasterdyk ôf, dy’t rint tusken Hartwert en de Kliuw. By gelegenheid is der ek in lyts boekje útjûn oer de skiednis fan it Aldekleaster, dat tsjin kostpriis te bestellen is by Liuwe Westra: liuwe.westra@mensa.nl / 06-30837586.

Mear oer it monumint is te finen op ’e webside https://hartwerd.com/stifting-monumint-aldekleaster/

Op 26 augustus is der in kleasterrûntsje dat by it monumint delkomt: mear ynformaasje dêroer by g.s.groeneveld@ziggo.nl.