Krúspuntdei 22 april 2023 yn Akkrum

Krúspuntdei 22 april 2023 yn Akkrum

De dei wurdt iepene troch foarsitter Sipke Huismans, dy’t alle oanwêzigen in hertlik wolkom taropt. Der binne ôfberjochten fan Johannes van der Meer en Ageeth de Vries. Fan ’e moarn stiet in ynhâldlik punt op it programma, dêr’t no noch skriuwer Liuwe Westra in ynlieding ta jout. Hy bringt it punt op it aljemint, dat de tsjerken it lêste wichtige maatskiplike domein foarmje, dêr’t oer ’t generaal noch gjin taalbelied fêststeld is. It bestjoer fan de Stifting Krúspunt wol him ta doel stelle, dat sa’n belied der de kommende jierren komt.

Nei him kriget bestjoerslid Tryntsje van der Veer it wurd, dy’t de oanwêzigen yn fjouwer groepen ferpartet en neitinke lit oer in ‘finjet’: in sitewaasje út ’e deistige tsjerklike praktyk. De diskusje ûnderstreket, dat der op tsjerklik mêd yndied kwalik belied bestiet, mar dat soks wol winsklik is om de taalpraktyk net tefolle ôfhingje te litten fan goede bedoelings, partikuliere mieningen en tafallige persoanen. Nei it skoft mei sop en in brochje folget it húshâldlike part. It jierferslach en it ferslach fan ’e Krúspuntdei fan 2022 wurde sûnder wizigings goedkard. It jierferslach fan ’e ponghâlder wurdt taljochte, dêrnei docht Thom Dykstra út namme fan ’e kaskommisje ferslach fan ’e kontrôle, dy’t gjin flater oan it ljocht brocht hat, dat de jiersifers wurde goedkard en de ponghâlder wurdt ûntlêstige. De kaskommisje freget him ôf oft it ek winsklik is dat der op ien of oare manier in betelle publisiteitsfunksjonaris yn ’e earm nommen wurdt. It bestjoer sil him dêroer bûge.

Dan is no it momint kommen, dat bestjoersleden Sipke Huismans (foarsitter) en Piet Miedema (ponghâlder) har funksje dellizze. Beide hawwe har lange jierren foar it wurk fan it Krúspunt en dêrfoar ek foar it Kristlik Frysk Selskip ynset, en dêr wurdt yn in persoanlik wurd eefkes by stilstien. Spitigernôch is it noch net slagge om nije bestjoersleden te finen, mar it wurk fan ’e stifting kin earst wol trochgean. Arjen Miedema, de soan fan Piet, sil de webside beheare; Liuwe Westra wurdt foarsitter; in nije ponghâlder wurdt fierder om socht. Dêrfoar docht Sipke Huismans as skiedend foarsitter noch ien kear in driuwend berop op it Kwartettekoar. Dêrmei wurdt it húshâldlik part ôfsletten.

Nei it húshâldlik part folget de presintaasje fan Alex Riemersma oer Nijkleaster, dat mei Pinkster 2023 werklik in protestantsk kleaster wêze sil. Werklik gjin lytse prestaasje fan ’e inisjatyfnimmers, en reden ta freugde!

As lêste ûnderdiel foar de fesper krije Tytsje Hibma, Grytsje Kingma en Peter van der Weide it wurd as sjuery fan ’e Bernard Smilde Priis. Hja presintearje har befinings en meitsje bekend dat de priis dit jier útrikt wurdt oan it Kwartettekoar. Hja dogge teffens de suggestje om de priis mooglik wer alle jierren út te rikken, sjoen it mannichte en de kwaliteit fan ’e nominaasjes dit jier. Skriuwster Rinie Boschma en ponghâlder Ulbe Bakker fan it Kwartettekoar nimme de oarkonde mei in bosk blommen yn ûntfangst en sprekke in tankwurd út. Dêrnei folget de ôfslutende fesper ûnder lieding fan deselde trijekaart yn ’e Doelhoftsjerke en kin elk wer op hûs oan.

Dokuminten:

Ynlieding ‘Frysk yn tsjerke’ (troch Liuwe Westra)
Tankwurd Kwartettekoar (Winnaar Bernard Smilde Priis)
Sjueryrapport Bernard Smilde Priis