Kleasterkuier en -fytstocht 26 augustus

Kleasterkuier en -fytstocht 26 augustus

Sneon 26 augustus 2023  is der wer in saneamd Kleasterrûntsje yn ’e rige pylgertochten dy’t organisearre wurde troch Gerrit Groeneveld. Dizze kear is der gelegenheid om by it krekt ûntbleate monumint op it plak fan it eardere Aldekleaster ûnder Hartwert te sjen. Dat monumint is troch in ploech entûsjaste Hartwerters réalisearre omdat der út rûnten fan Krúspunt op oanstien wie: sjoch it berjocht op ’e webside fan Krúspunt.

Wolle jo meirinne út Boalsert wei nei it Aldekleaster en werom ûnder lieding fan Liuwe Westra? Of leaver mei Herke Giliam op ’e fyts nei it plak fan it eardere kleaster Vinea Domini ûnder Penjum? Jou jo dan op by Gerrit Groeneveld: g.s.groeneveld@ziggo.nl (mei dêrby oft jo fytse of kuierje wolle). Jo binne wolkom fan 9.30 oere ôf yn ’e meniste tsjerke fan Boalsert (Skilwyk 29). De ûnkosten binne € 10 (kontant meinimme). Sop wurdt foar soarge, al sels in brochje meinimme. Der is rejaal parkearplak op it Plein 1455 te Boalsert. Graach uterlik woansdei 23 augustus opjaan!