Krúspuntdei 2024 te Akkrum
Op sneon 20 april is wer fan 10 oere ôf de jierlikse Krúspuntdei yn ’e Lantearne, Dringelstrjitte 13 te Akkrum.
Njonken bestjoerssaken is der omtinken foar de kursus Leauwe yn Fryslân, mei foardrachten fan Tytsje Hibma, Catrinus Corporaal en Gerda Keijzer, de stân fan saken by Nijkleaster (Hinne Wagenaar) en sil domeny Ageeth de Vries in ynlieding jaan nei oanlieding fan har masterskripsje oer it brûken fan Frysk en Nederlânsk yn ’e earetsjinst.
Fierders wurde der lieten songen, ek meiinoar, út ’e nije kantate Hertslach fan in stjer fan Eppie Dam en Jan de Jong.
De Krúspuntdei wurdt neffens âlderwenst ôfsletten mei in fesper yn ’e Terptsjerke oan ’e oare kant fan ’e dyk.