KrúspuntArchives

Jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum

Sneon 16 april waard de Krúspunt jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum. It bestjoer hie besocht in fariearre gearkomste te organisearjen. It die harren deugd dat de besikers nei ôfrin mei in tefreden en foldien gefoel nei hûs ta setten. Se hiene in prachtige dei hân. dei hie ek syn fêste ûnderdielen, sa as de te

Fierder lêze

Op ús eigen wize

“Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy ’t dat

Fierder lêze

Om ynsjoch en helderheid

Ivige God, somtiden is de Bibel helder en begryplik foar ús. Oare kearen bliuwt it in slúten boek foar ús. Sa liket it ek wolris mei ús eigen libben: sa no en dan liket ús libben helder en dúdlik, mar dan kin ús libben samar feroarje, en is alles ynienen ûndúdlik, pynlik, in riedsel. Dêrom

Fierder lêze

Kyrie gebed 1 (algemien)

Ivige en goede God, Net allinne fanwege it geweld fier fuort, oeral op ierde, bidde wy. Mar ek fanwege it geweld tichteby, yn ús eigen lân yn ús eigen fermidden ja, yn ús eigen libben. Dêrom bidde wy: Hear, ûntfermje Jo. Net allinne fanwege de pine en de ellinde fier fuort, oeral op ierde, bidde

Fierder lêze

Ynlieding ta it Kyrie-gebed

Foar’t wy fierder geane, wolle wy earst stil wurde en ús soargen en ús need beneame. Der is in soad dat prachtich is,  mar tegelyk tôgje wy allegear ús pine en ús leed mei ús mei. Dêrom wolle wy bidde om ûntferming foar de wrâld, foar de wrâld tichteby om ús hinne, en foar  ús

Fierder lêze

Gebed om Geast

Gebed om Geast Hillige Geast, wy bidde Jo kom yn ús fermidden en reitsje ús oan! Hillige Geast, wy bidde Jo brek troch de muorren hinne de muorren dy’t wy opbout hawwe om ússels hinne de muorre tusken ússels en oaren de muorre tusken ússels en ús eigen hert de muorre tusken ússels en Jo.

Fierder lêze

Gebed om rêst

Gebed om rêst God, jou my de rêst om te akseptearjen wat ik net feroarje kin, de moed om te feroarjen wat ik kin, en de wiisheid om it ferskil te sjen. Oersetting: Ds. Hinne Wagenaar. Gebed om rust God, geef me de rust om te accepteren wat ik niet kan veranderen, de moed om [...]

Gebed foar biddei

Tank No’t alles om ús hinne rêstich wurdt en stil komme wy ta Jo Hear. Wy tankje Jo foar dizze dei, wy tankje Jo foar it libben, foar de minsken dy’t wy moete ha, foar alle lytse freugden. Wy tankje Jo foar alle rykdom yn ús libben: foar ús iten eltse dei foar in dak

Fierder lêze

Westerwert

Tsjerklike PKN gemeente , dêr’t de plakken Jorwert, Bears, Jellum en Weidum ta behearre. Domeny Hinne Wagenaar is gemeentedomeny yn de fjouwer doarpen en tagelyk pioniersdomeny fan de Stichting Nijkleaster yn Jorwert. “Vanaf 1 juli 2012 werken Westerwert, de Stichting Nijkleaster en de afdeling Missionair Werk (van de Protestantse Kerk in Nederland) samen om gestalte

Fierder lêze

Fesper by de oergong fan KFS nei Krúspunt

Op 31-12-2012 hold  it KFS op te bestean. Fanôf de oprjochting fan de stichting Krúspunt yn juny 2009 wie der al in stadige oergong makke fan KFS nei Krúspunt. Yn Burgum waard de oergong mei in feestlike gearkomste betocht. Yn in folle Krústsjerke waard ta beslút in fesper û.l.f. ds Hinne Wagenaar holden mei meiwurking

Fierder lêze

Dautraapje op Himelfeartsdei

Dautraapje op Himelfeartsdei Meditaasje fan Ds. Hinne Wagenaar foar it programma ‘Prelude’ fan Omrop Fryslân Radio. Snein 20 maaie 2007: de snein tusken Himelfeart en Pinkster yn. Bêste harkers, Ofrûne tongersdeitemoarn ha wy mei guon minsken fan ús gemeente, de prot. gemeente fan Wurdum en omkriten, te dautraapjen west. In pear oeren foar it moarnsgebed

Fierder lêze

Dreame

Dreame Yn tsjerke ha wy in oare kalinder as yn it ‘gewoane’ libben. Aldjier fiere we yn de sekuliere kalinder oan it ein fan desimber. Fan de iene dei op ’e oare is it samar nijjier. Ofsjoen fan it jieroersjoch fan it “Journaal”, it “jaaroverzicht Studio Sport” en in kabaretier dy’t ús op ’e âldjiersjûn

Fierder lêze

Earlike Hannel

Earlike Hannel: Jakobus 5: 1-6 Harkje ris, rikelju: begjin mar lûd te gûlen om ’e rampen dy’t oer jimme komme sille. Jimme rykdom is ferrotte, jimme moaie klean binne fan ’e motten tefretten. Jimme goud en sulver is ferroste. Dy roast sil in oanklacht tsjin jimme wêze en jimme fertarre as fjoer. Skatten hawwe jimme

Fierder lêze

In ferskuorrend ferhaal

In Ferskuorrend Ferhaal: Rjochters 19 Dizze kommende wike stiet yn ús tsjerken yn it teken fan it Wrâlddiakonaat. De measte gemeenten jouwe hjir oare wike snein omtinken oan, mar wy yn Wurdum binne der hjoed al mei dwaande. It lanlike tema dit kear: “stypje de striid tsjin de hannel yn froulju”. Mei de diakens ha

Fierder lêze

It lûd fan in lichte koelte

‘It lûd fan in lichte koelte’  I Keningen 19: 11-13 It wie de freedtemoarn foar Pinkster. It wie in gewoane wike west mei it besykjen fan minsken; mei de gearkomsten; mei it regeljen fan de tsjinst foar Pinkster; mei it skriuwen fan it tsjerkeblêd; mei it neitinken oer it nije seizoen; mei it skriuwen fan

Fierder lêze

Sykje, en jimme sille fine

“Sykje, en jimme sille fine ‘’ Matteus 7:7 Thús yn ús eigen hûs, yn ús eigen doarp en yn ús eigen omjouwing kinne we alles op ’e taast hast wol fine. Mar as wy mei fakânsje yn ûnbekende kontreien binne dan is dat net sa. Dan moatte wy sa no en dan hiel wat ôfsykje

Fierder lêze

Peaskewacht

Peaskewacht: Dizze moarn hoege der net al tefolle wurden sprutsen te wurden. Alles is ommers al sein troch de symboalen, de lieten en de lêzingen. Wy binne hjir fan ’e moarn ierebetiid (6.00 oere), it wie noch tsjuster, by inoar kommen om de opstanning fan Kristus te fieren. Nei de spannende dagen fan de ôfrûne

Fierder lêze

Peaskewacht jûns of moarns

 ‘Moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie’ (Johannes 20: 1) Yn alle fjouwer evangeeljes begjinne de opstanningsferhalen yn ’e iere moarn (sjoch Mattéus 28:1; Markus 16:1; Lukas 24:1 en Johannes 20:1) Jezus wie krusige op freed, foar de Sabbat. Dy sabbat begûn op freedtejûn by it tsjuster wurden en duorre oan te mei de sneontejûn. De

Fierder lêze

Gebed om rêst preek fan ds. H. Wagenaar

Gebed om rêst God, jou my de rêst om te akseptearjen wat ik net feroarje kin, de moed om te feroarjen wat ik kin en de wiisheid om it ferskil te sjen. Amen  Wy libje yn in wrâld wêryn hiel wat bart en wêryn hiel wat geande is. Wy sjogge it op TV en lêze it yn de

Fierder lêze

As ik dy net waskje mei, preek fan ds. H. Wagenaar

Preek foar Wite Tongersdei. Yn it boek Hannelingen fan de Apostels seit Paulus tsjin de minsken fan Efeze, wannear’t hy op it punt stiet om harren te ferlitten: ‘Jaan jout mear gelok as krijen’. Dizze wurden fan Paulus jouwe in goede wjerslach fan it minsklike libbensgefoel, ek fan hjoed de dei. Wy wolle net ôfhinklik

Fierder lêze

Homohaat of manneleafde, preek fan ds. H. Wagenaar

Yn de oanrin nei de Paulus musical yn maart ha wy fiif learhûsjûnen ynroastere. Wy hawwe ús yn it learhûs mei sa’n 25 minsken bûgd oer de tematyk fan de (homo) seksualiteit. Nei de tema’s fan de diskriminaasje fan Joaden (Joad of antysemyt) en de ûnderdrukking fan froulju (Seksist en feminist), binne wy hjoed ta oan de hâlding

Fierder lêze

Tankje God ûnder alle omstannichheden, preek fan ds. H. Wagenaar

Meditaasje foar Tankdei 2009. Oekumenyske tsjinst fan de Protestantske gemeente fan Wurdum e.o. en de Roomsk Katolike Parochy fan Wytgaard) Op dizze tankdei, no’t wy byinoar binne foar dit jûnsgebed, wol ik foaral meditearje oer de wurden ‘Tankje God ûnder alle omstannichheden’. Dat wy blykber tankje ‘moatte’ yn goede en yn minne tiden; yn tiden fan rykdom

Fierder lêze

Rinne oer it wetter, preek fan ds. H. Wagenaar

It is hjoed in histoaryske dei! Op 8 juny 1908 kamen ds. Huismans, Dr. Wumkes en sa’n 50 oaren by inoar om it Kristlik Frysk Selskip (KFS) op te rjochtsjen. Dêrmei bestiet it KFS hjoed op de dei ôf 100 jier. Op 8 juny 1908 wie it Pinkstermoandei en dus harken hja nei de wurden

Fierder lêze

Aldjier 2007, preek fan ds. H. Wagenaar

Op dizze lêste snein Anno Dominy 2007, yn ‘e foarjûn fan âldjiersdei, komme wy der net ûnderút om it âlde jier te beskôgjen. Lês hjir de hiele preek      

De toer fan Babel, preek fan ds. H. Wagenaar

Fan domeny Hinne Wagenaar is by gelegenheid fan syn ôfskied fan de Prot. Gem. Wurdum in bondel mei preken útkommen by de KFFB. Yn it foaropwurd skriuwt er oer it ferhaal fan de Toer fan Babel, in ferhaal dat faak sa útlein is as soe it ferskaat fan talen op ierde in flok of in straf wêze. Ds.

Fierder lêze