Gebed om Geast

Gebed om Geast

Gebed om Geast

Hillige Geast, wy bidde Jo
kom yn ús fermidden en
reitsje ús oan!
Hillige Geast, wy bidde Jo
brek troch de muorren hinne
de muorren dy’t wy opbout hawwe
om ússels hinne
de muorre tusken ússels en oaren
de muorre tusken ússels en ús eigen hert
de muorre tusken ússels en Jo.
Reitsje ús oan!
Hillige Geast, wy bidde Jo
Meitsje ús iepen en ûntfanklik
Ynspirearje ús, meitsje ús waarm.
Reitsje ús oan!
Yn Jezus’ namme

Amen.

(ds. Hinne Wagenaar)

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

15 − acht =