In ferskuorrend ferhaal

In ferskuorrend ferhaal

In Ferskuorrend Ferhaal: Rjochters 19

Dizze kommende wike stiet yn ús tsjerken yn it teken fan it Wrâlddiakonaat. De measte gemeenten jouwe hjir oare wike snein omtinken oan, mar wy yn Wurdum binne der hjoed al mei dwaande. It lanlike tema dit kear: “stypje de striid tsjin de hannel yn froulju”. Mei de diakens ha we yn de tarieding fan dizze snein wakker neitocht oer hokker tekst út de Bibel we lêze soenen. We ha besletten om Rjochters, haadstik 19, te lêzen.

No binne der guon minsken, ek wol yn tsjerke, dy’t miene dat de Bibel âlderwetsk is en mar in lyts bytsje te krijen hat mei it libben fan hjoed de dei. Ik bin it dêr hielendal net mei iens, al kin ik wol begripe dat it “oersetten” fan de âlde ferhalen nei ús libben en ús wrâld net altyd sa maklik is. Dat kostet oandacht, ynspanning en spiritualiteit. Mar foar it ferhaal fan Rjochters 19 falt it faaks wol wat ta. Ik sil yn it koart gearfetsje wêr’t it ferhaal oer giet:

In Levyt, dy’t djip yn it berchlân wenne, helle út Bethlehim in byfrou. Nei in skoftke krije se slim spul, dat de frou giet wer werom nei har âlden. Nei fjouwer moanne set de man har efternei om har werom te heljen. De âlden fan de frou besykje de man hieltyd mar langer by har te hâlden, mar eintsjebeslút geane se dochs op ’en paad, op hûs oan. It is in lange reis en tsjin de jûn komme se by Jebûs lâns. Dat is Jeruzalim, dat doe noch yn hannen fan de Jebûsiten wie. De man wol net yn in frjemde stêd oernachtsje. Dy bûtenlanners kinne jo net fertrouwe. Dat se reizgje troch en komme, krekt as de sinne ûndergiet, by Gibeä, in eigen stêd mei Israeliten. Op it plein is der lykwols gjinien dy’t harren foar de nacht opnimme wol. Op it lêst komt der in âld man dy’t fan syn wurk fan it lân kaam. Hy blykt in stamgenoat te wêzen en nimt de man en syn byfrou mei nei syn hûs ta.
En wylst se har noflik te goed dogge oan iten en drinken, slute de manlju út de stêd it hûs yn en balte se oan de doar: “bring de man dy’t by dy útfanhuzet nei bûten ta. Wy wolle mei him omslaan, wy wolle him nimme.” De âld man is ferslein en seit: “Nee, myn bruorren. Doch dit kwea dochs net. Dizze man is ommers myn útfanhuzer. Doch net sa skandalich. Sjoch, myn dochter dy’t noch faam is, en de man syn byfrou, lit my dy oan jimme jaan. Dan kinne jimme dy tenei komme en mei harren dwaan wat jimme mar wolle.” Sa wurde de dochter en de byfrou troch de doar nei bûten treaun. De mannen fan ’e stêd komme har tenei, skeine en knoeie de froulju de hiele nacht, oant de moarntiid ta. Yn ’e skimermoarn komt de byfrou werom en falt dea foar de doar del.
De moarns wol de man wer fierder, op reis nei hûs ta. Hy fynt syn byfrou op ’e drompel en seit: “Kom oerein, wy sille fuort”. As der gjin antwurd komt dan bynt hy har op ’e ezel en giet op hûs oan. Thúskommen snijt hy syn byfrou yn 12 stikken. Dy 12 stikken stjoert hy nei de 12 stammen fan Israel.

Jawis, ik hear it jo sizzen: ‘dit is in grouwélich en ferskuorrend ferhaal’. Dat is ek sa, mar it is gjin âlderwetsk ferhaal dat wy net ferstean kinne yn ús tiid.

– Want it begjint by ús ek al wenst te wurden en fertrou de frjemdlingen net. Gean der mar mei in bocht omhinne. En wat docht bliken, jo wurde naait troch jo eigen minsken.
– As yn dit ferhaal binne der famyljes dy’t harren famkes ferkeapje en útleverje om sels te oerlibjen. Yn djippe earmoede en need dogge minsken slimme dingen. Troch de famkes út hannen te jaan en te ferkeapjen,    hoopje se sels in nije takomst op te bouwen. Dizze famkes komme sûnder mis yn de seksyndustry en de toeriste-yndustry telâne.
– Yn it ferhaal wie it skandalich om in man te misbrûken. Froulju binne dêr blykber foar. Ek hjoed de dei sit it djip yn ús kultuer en yn ús tinken ferankere dat famkes en froulju der foar binne om de agresje en driften fan mannen op te heinen en te ferdragen. Wie it mar in âlderwetsk ferhaal fan froeger!
– En eintsjebeslút blykt yn dit ferhaal dat de mannen út de stêd har seksuele lusten útwierje wolle op de útfanhuzers. Der blykt in nuvere spanning te bestean tusken de ôfkear dy’t minsken ha fan frjemdlingen (útfanhuzers) en it ferlet om der seks mei te hawwen. Ek hjoed de dei, yn dizze tiden fan ôfkear fan frjemdlingen en yn dizze tiden fan rasisme, blykt it dat de famkes út bygelyks Afrika en Azië net oan te slepen binne. By ljochtskyndei wurdt der beart oer hoe min de bûtenlanners binne. Mar yn it donker fan de nacht kin it net eksoatysk genôch wêze. Omdat der hjir yn de Westerske wrâld, hjir yn Nederlân, hjir yn Fryslân, ferlet is fan bûtenlânske froulju (wat eksoatysker, wat better!), dêrom bestiet der in drokke hannel yn froulju. Dêrom is it tema fan dizze wrâlddiakonaat snein: “stypje de striid tsjin de hannel yn froulju”.

It ferhaal út Rjochters 19 is in ferskuorrend ferhaal. Mar it is yn de Bibel bewarre om ús in spegel foar te hâlden. It is in godlike warskôging. It ferhaal stiet as in beaken yn ’e tiid. Dat we dit ferhaal net ferjitte. Dat we dizze frou net ferjitte. Want har lichem is brutsen en útdield.

meditaasje fan ds. Hinne Wagenaar

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vier × 1 =