Dautraapje op Himelfeartsdei

Dautraapje op Himelfeartsdei

Dautraapje op Himelfeartsdei
Meditaasje fan Ds. Hinne Wagenaar foar it programma ‘Prelude’ fan Omrop Fryslân Radio.
Snein 20 maaie 2007: de snein tusken Himelfeart en Pinkster yn.

Bêste harkers,

Ofrûne tongersdeitemoarn ha wy mei guon minsken fan ús gemeente, de prot. gemeente fan Wurdum en omkriten, te dautraapjen west. In pear oeren foar it moarnsgebed op Himelfeartsdei út, setten wy ôf foar in koarte pilgrimaazje. It tema fan dizze moarn wie ‘ôfskied’. Ofskied is ommers in wichtich aspekt fan Himelfeart en fan dizze snein hjoed, de snein nei Himelfeart. Jezus naam ôfskied fan syn freonen en liet harren allinne efter. Ik nim jimme fan ’e moarn efkes mei op reis.

Op it Wurdumer hôf waard frege wat it tema ôfskied by ús opropt, wat it te krijen hat mei ús eigen libben. Wy setten swijend ôf. Yn groepkes, in inkeling allinne. Om mei-inoar stil te wêzen is dan hiel bysûnder. Wy hearden de fûgels sjongen, wy rûkten de rook fan it lân, wy fielden it reinwetter op ús gesichten. By in brechje oer de Wurdumerfeart ha wy harke nei it ferhaal fan de Himelfeart fan Elia út it Bibelboek II Keningen 2. Us oandacht gie foaral út nei Eliza, de learling fan Elia. Hy moat mei Elia in grins oer. Elia nimt ôfskied en moat de Jordaan oerstekke. Hy slacht mei syn mantel op it wetter en de rivier spjalt. Wannear’t sy dizze grins oer binne dan komt der in wein fan fjoer mei hynders fan fjoer. Dy bringe Elia nei de himel. Eliza bliuwt allinne efter. Mar by it ôfskied hie hy frege oft hy de geast fan Elia erve mocht. Hy dikeret lang nei de himel mar ‘De ein fan elke reis is it paad werom.’ Op de weromreis moat hy de Jordaan op ’e nij oerstekke. Hy slacht dan ek mei syn nije mantel, de mantel fan Elia, op it wetter en ek by him spjalte de rivier.
De fraach oan ús, de betide dautrapers sa flak foar it brechje oer de Wurdumerfeart wie: ‘ha jimme koartlyn ôfskied nimme moatten of moatte jimme mei gauwens ôfskied nimme?’ ‘Foar hokker grins steane jimme?’ Wêr moatte of wêr wolle jimme ôfskied fan nimme yn jimme eigen libben?’ Mei dy fraach binne wy fierder rûn, it smelle brechje oer. Ien foar ien moasten wy der oer hinne. Mar sa giet it ommers ek yn ús eigen libben? Ek al libje wy mei minsken om ús hinne, en geane wy mei-inoar op ’n paad, dochs moatte wy úteinlik allinne en sels de stappen sette. Foaral wannear’t wy ôfskied nimme moatte en oer grinzen hinne moatte.

Wy ferfolgen ús wei troch de greiden, elkenien mei syn of har eigen tinzen. By it tsjerkje fan Swichum is ús lêste stasjon. Efkes in slach om it hôf, efkes prate en noch wer efkes mei inoar oandacht. Wat dêr giet it dochs om by in pilgrimaazje? Faak is ‘ôfskied nimme’ in pynlik barren. Oft it no giet om it ôfskied fan minsken (dy’t wy kwytreitsje oan ’e dea of oan it libben) of om it ôfskied fan wurk, of fan in faze yn ús libben, de kâns is grut om hieltyd werom te sjen, om fertriet te hawwen by wat wy kwytrekke binne. In inkelde kear kin it fertriet ús hielendal besette en yn beslach nimme. Dan dikerje wy yn it ferline. Dan liket der alhiel gjin takomst mear te wêzen. Dat is spitich en ek net goed. Want elk ôfskied, hoe pynlik ek, kin ek in nij begjin wêze, kin ek romte jaan, kin ús ek op nije wegen sette. Eliza hie de geast fan Elia urven, hy sloech mei de mantel op it wetter. En it wetter spjalte. En dus krigen wy de fraach mei foar it lêste stikje fan ús reis: ‘ropt ôfskied by jimme allinne gefoelens op fan efter bliuwe en efter litten wurde, of kinne jimme ek oare, mear positive kant sjen? Is der in geast te ervjen? Ha jimme in mantel om mei op it wetter te slaan? Of: wat moat der barre dat jimme rivier, jimme grins, spjalte sil?’ Sa geane wy dan wer fierder.

Wy sjogge yn de fierte de tsjerke fan Wurdum lizzen. Wy longerje nei in bakje kofje. En wy kinne hast al riede wat de dûmny fan ’e moarn sizze sil oer de learlingen dy’t nei de himel dikeren, doe’t Jezus weinaam waard út har eachweid.