Jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum

Jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum

Sneon 16 april waard de Krúspunt jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum. It bestjoer hie besocht in fariearre gearkomste te organisearjen. It die harren deugd dat de besikers nei ôfrin mei in tefreden en foldien gefoel nei hûs ta setten. Se hiene in prachtige dei hân.

dei hie ek syn fêste ûnderdielen, sa as de te behanneljende jierstikken. Se waarden sûnder in protte diskusje goedkard.

Ek wie der genôch tiid ynromme om mei-inoar te praten en en it lêste nijs út te wikseljen. By de ynrin en ûnder de kofje/tee en it iten waard der dan ek folop gebrûk fan makke.
En wa’t efkes net prate woe koe in alle rêst de moai makke foto’s fan dominy Maarten Boersema fan Blije yn in trochdraaiende presintaasje besjen.

Ek de útrikking fan de Bernard Smilde priis beheart ta de fêste ûnderdielen. De sjuery wie nei beried ta de unanime konklúzje kommen dat net ien fan de ynstjoeringen dit jier mei de Bernard Smilde priis beleanne wurde koe. Yn it sjueryrapport stiet wêr’t de ynstjoerders fan lieten in folgjende kear mear rekken mei hâlde moatte.
Op ien aspekt waard dizze middei troch musikus/componist Olchert Clevering neier yngien: tekst en (te meitsjen) melody moatte by elkoar passe. En alle strofen fan in tekst moatte wol op deselde melody songen wurde kinne.

It twadde ûnderdiel fan it middeisprogramma waard fersoarge troch dominy, strjitsjonger en muzikant Gerard Rinsma fan Goutum, dy’t in oandachtich harkjend publyk hie yn de Terptsjerke fan Akkrum. Se belibben in bulte aardichheid oan syn tekst en muzyk en wurdearren dat mei in hertlik applaus.

Dernei kaam it haadtema fan de dei, ûnder lieding fan dominy Hinne Wagenaar, oan bar: Kristen wêze op eigen (Fryske) wize. Dit nei oanlieding fan syn ferskynde boek ‘Op ús eigen wize’.
De oanwêzigen krigen de tekst mei it ferhaal út Hannelingen 8: Filippus en de Etiopiër te lêzen mei de opdracht de fragenm te dielen, dy’t al lêzende by de lêzer boppe kommen wiene. It waard in boeiend besprek, wêr’t yn dúdlik waard dat de tekst op ferskate wizen ynterpretearre wurde kin. Mar it boadskip wie oan de ein wol ynkringend: it útsluten fan minsken heart net samar ta it wêzen fan it Kristendom!

De dei waard ûnder lieding fan dominy Jan Poutsma ôfsletten mei in fesper yn de tsjerke, mei begelieding fan Geart van der Heide op de piano. In oantal ‘kwartettekoarsjongers’ soargen derfoar dat in mei-inoar sjongen mearstimmich barre koe.