Dreame

Dreame

Dreame

Yn tsjerke ha wy in oare kalinder as yn it ‘gewoane’ libben. Aldjier fiere we yn de sekuliere kalinder oan it ein fan desimber. Fan de iene dei op ’e oare is it samar nijjier. Ofsjoen fan it jieroersjoch fan it “Journaal”, it “jaaroverzicht Studio Sport” en in kabaretier dy’t ús op ’e âldjiersjûn wekker hâldt, giet de oergong aardich fluch. In inkeling makket noch wat goede foarnimmens foar yn it nije jier.

Yn tsjerke ha wy ús eigen(wize) kalinder. In nij begjin komt net samar út de loft fallen. Wy meitsje in nij begjin mei Kryst (de berte fan Jezus; de berte fan it Ljocht) mar wy springe net samar oer fan âld op nij. Foar’t we sa fier binne om in nij begjin te meitsjen ha wy in tiid nedich fan tarieding, in tiid fan besinning. Dy tiid neame we yn tsjerke Advint. De tiid fan Advint omfiemet 4 sneinen en dus teminsten trije folle wiken. Sa komt it dat wy yn tsjerke ús âldjier al hân hawwe by de ‘lêste snein fan dit tsjerklike jier’. Wy ha it âlde jier al efter ús litten, mar it is noch gjin nijjier. Advint is no de tiid fan útsjen nei it nije begjin.

Advint is in tiid fan tarieding. Wannear we sa’n perioade yn tsjerke ha dan brûke we de kleur pears, de kleur fan ynkear en besinning. En yn sa’n perioade sjogge we werom en tagelyk foarút.
We sjogge werom op in jier mei goed en kwea, wille en fertriet. Mar mei it each op ’e takomst besykje we foaral út te finen wat der ferkeard west hat; wat oars moatten hie; wêr’t ús tekoarten lizze; wêr’t wy ússels, ús neiste en God tekoart dien hawwe. En dan tink ik net allinnich mar oan ús persoanlike tekoarten. Wannear’t wy weromsjogge dan giet it om de ferskate nivo’s wêryn we libje: ús eigen inerlike libben; it libben mei de neisten om ús hinne; it libben fan de mienskip; it libben yn ’e wrâld. En fansels it libben fan de gemeente. It is wichtich net te gau oan dit ‘weromsjen’ foarby te gean. De takomst wurdt ommers bout op it ferline.

Mar wy sjogge yn de Advint fansels ek foarút! Wy sjogge út nei in nij begjin. Wy dreame fan in nije takomst. Wy hoopje dat der yn ús libben in stjerre opgean mei dy’t ús de wei wiist, dy’t ús ynspirearret; dy’t ús ljocht jout. Want hoefaak bart it net dat wy de wei kwyt binne; dat wy in kâld hert hawwe; dat wy yn it donker om ús hinne taaste. Yn advint sjogge wy út nei de komst fan Jezus, want we leauwe en belide dat in nije takomst allinnich op Him bout wurde kin. Syn komst is ús takomst!

Sa binne wy yn de Advint dwaande mei weromsjen en foarútsjen. Of om it mei oare wurden te sizzen; mei oardiel en belofte; mei ferset en hoop. Dy twa hearre altyd byinoar. Sels wannear’t wy as tema foar de Advint ‘Dreame’ keazen ha, dan betsjut dat net dat wy net weromsjogge; dat wy it oardiel oer wat ferkeard west hat ferjitte; dat der gjin ferset is tsjin alle ûnrjocht. Wrachtich net! As we dreame fan de beloofde frede dan is dat omdat we skjin ús nocht ha fan de oarloch en alle geweld. As wy hoopje op gerjochtichheid dan is dat omdat wy ús fersette tsjin alle ûnrjocht. As wy dreame fan ferjouwing en fersoening dat is dat omdat wy net libje kinne mei relaasjes dy’t brutsen en skeint binne.

Ta beslút. Minsken sizze faak: ‘dromen zijn bedrog’. Mar likegoed is it wichtich om te dreamen. Ik bedoel dan net dreame krekt as yn ’e sliep, mar deidreame: dreame mei it each op ’e takomst. Yn Spreuken 29:18 stiet it ferneamde fers “Sûnder fisjoen(dream) ferwylderet it folk” (myn fertaling) In dream is net allinnich mar in dream. De dream fan Kryst giet ús foar yn it libben. It feroaret ús libben.

meditaasje fan ds. Hinne Wagenaar

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 − een =