Om ynsjoch en helderheid

Om ynsjoch en helderheid

Ivige God,

somtiden is de Bibel helder en begryplik foar ús.
Oare kearen bliuwt it in slúten boek foar ús.
Sa liket it ek wolris mei ús eigen libben:
sa no en dan liket ús libben helder en dúdlik,
mar dan kin ús libben samar feroarje,
en is alles ynienen ûndúdlik, pynlik, in riedsel.
Dêrom bidde wy no om jo Geast.
Dat wy de Bibelske wurden hjoed ferstean meie
en dat de Bibel gjin slúten boek bliuwt.
En tagelyk bidde wy om ynsjoch en helderheid
yn en foar ús eigen libben.

Wy bidde:

dat der ljocht falle mei op ús bestean,
dat wy in wei fine om op te gean,
dat wy krêft, geastkrêft, ûntfange
yn en foar ús leauwe
yn en foar ús libben.
Kom, hillige Geast!

Amen.

(ds. Hinne Wagenaar)