Kyrie gebed 1 (algemien)

Kyrie gebed 1 (algemien)

Ivige en goede God,
Net allinne fanwege it geweld fier fuort,
oeral op ierde, bidde wy.
Mar ek fanwege it geweld tichteby,
yn ús eigen lân
yn ús eigen fermidden
ja, yn ús eigen libben.

Dêrom bidde wy: Hear, ûntfermje Jo.

Net allinne fanwege de pine en de ellinde fier fuort,
oeral op ierde, bidde wy.
Mar ek fanwege de pine en de ellinde tichteby,
yn ús eigen lân
yn ús eigen fermidden
ja, yn ús eigen libben.

Dêrom bidde wy: Hear, ûntfermje Jo.

Net allinne fanwege de it fertriet fier fuort,
oeral op ierde, bidde wy.
Mar ek fanwege it geweld tichteby,
yn ús eigen lân
yn ús eigen fermidden
ja, yn ús eigen libben.

Dêrom bidde wy: Heare, ûntfermje Jo.

Wy bidde:

Nim it geweld wei en jou ús frede.
Nim de pine en de ellinde wei, en jou ús rêst.
Nim it fertriet wei en jou ús bliidskip.
Dêrom bidde wy:

Hear ûntfermje Jo
Kristus, ûntfermje Jo
Hear ûntfermje Jo

Amen.
(ds. Hinne Wagenaar)

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twintig − elf =