Sykje, en jimme sille fine
“Sykje, en jimme sille fine ‘’ Matteus 7:7
Thús yn ús eigen hûs, yn ús eigen doarp en yn ús eigen omjouwing kinne we alles op ’e taast hast wol fine. Mar as wy mei fakânsje yn ûnbekende kontreien binne dan is dat net sa. Dan moatte wy sa no en dan hiel wat ôfsykje foar’t wy ús plak en bestimming fûn ha.
Ik wie ris in kear mei in groep minsken op reis en wie sels net bekend yn stêd en lân. Mar it slagge my, as reislieder, aardich goed om de minsken te plak te krijen. In goede tarieding mei boeken en kaarten docht in protte. En fansels goed sykje, mei in fleuchje bravoer.
Op in dei gongen wy nei in ferneamde, grutte tsjerke. De tsjerke stie yn in lytse stêd en wy hiene betocht dat we te foet nei de tsjerke ta rinne woene. De bus sette ús bûten de stêd ôf. It wie prachtich. Wy stiene midden yn de wynfjilden.It lânskip wie wiids en gloaide in bytsje. En yn de fierte stie dy geweldige katedraal. It koe net misse. Ik hie, as reislieder, in maklike moarn en hoegde alhiel net te sykjen. De tsjerketoer stie as in beaken yn it lânskip, dat de tsjerke liet him maklik fine.
As pylgers rûnen wy al pratend nei it stedsje ta. En wat tichter wy by de stêd kamen, wat stiller wy waarden. Wat wie it in moaie, stille en ienfâldige moarn. It wie wûndere moai en de stimming waard al hast earbiedich. Doe’t wy it stedsje ynkamen rûnen wy stevich troch. Wy wisten ommers ús doel en bestimming. En ynienen, doe’t it net mear fier wêze koe, seagen wy de tsjerke net mear. De tsjerke wie ferskûle efter alle huzen en gebouwen. Ik hie yn it earst de rjochting goed yn de holle en rûn foarop. Mar de strjitsjes waarden hieltiten lytser en smeller. Wy rekken fersille yn in netwurk fan strjitsjes en huzen. En wy mar omheech sjen en mar sykje. De tsjerke wie dochs sa grut en mânsk! Dy koene wy dochs net misse. It koe net mear fier wêze. Mar nei in heal oere hiene wy de tsjerke noch net fûn. Inkelde minsken waarden wurch en giene op in bankje sitten. Wy koene der net by dat dy grutte tsjerke net te finen wie. It doel wie sa dúdlik west doe’t wy bûten de stêd wiene. De tsjerke wie sa grut. Hoe koene wy ús bestimming no net fine?
Nei in stikje bôle, in koekje en wat drinken waarden de reisgidsen der by helle. Der stie wol in wiidweidige beskriuwing yn de gidsen oer de tsjerke, en al syn pracht en preal, mar net oer hoe’t jo der komme moasten. Dat wy kamen der net út. Doe sei immen út de groep: ‘Yn de Bibel stiet: Zoekt en gij zult vinden. Troch hjir te sitten sille wy ús doel net fine. Kom, wy sille fierder sykje!’ Hy rûn foarop en hawar, wy sloegen de twadde hoeke om en ynienen stiene wy op it plein foar de enoarme katedraal. Op ’e nij foelen wy stil. It wie krekt as hie de katedraal ús fûn. Doe’t wy de tsjerke ynkamen wie it der tsjuster. It geheim wachte ús op. En wy lieten ús mei ynmoed fine. Oan it ein fan de reis sei elkenien fan de groep dat dizze dei, mei it sykjen, it weiwurden en it finen, de moaiste fan de hiele fakânsje west hie.
As wy wolle, dan kinne wy dit fakânsjeferhaal tapasse op ús eigen leauwen. It leauwen is in libben fan sykjen en op-wei-wêzen. Soms is it doel hiel dúdlik en witte wy krekt hoe’t wy rinne moatte. Mar ek faak binne wy it paad hielendal bjuster. Ik ha út dizze reiserfaring twa dingen leard. Yn it earste plak dat wy ûnderweis goed sykje moatte. Sûnder sykjen sille wy net fine. Lykwols sille wy net altyd sels it doel fine. Mar wy sille, as wy trochsykje, wol fûn wurde! Yn it twadde plak ha ik leard dat as ik it paad kwyt bin, dat ik dan net daliks yn panyk hoef te reitsjen. Sa fan: “Ik wit it net mear. Ik bin it paad kwyt en ik bin fier ôfdwaald”. It kin ommers ek wol wêze dat ik der dan deun by bin. Want hoe tichter wy by it doel komme, hoe swierder it wurd om it te finen. It geheim jout him net samar priis.
meditaasje fan ds. Hinne Wagenaar