It lûd fan in lichte koelte
‘It lûd fan in lichte koelte’ I Keningen 19: 11-13
It wie de freedtemoarn foar Pinkster. It wie in gewoane wike west mei it besykjen fan minsken; mei de gearkomsten; mei it regeljen fan de tsjinst foar Pinkster; mei it skriuwen fan it tsjerkeblêd; mei it neitinken oer it nije seizoen; mei it skriuwen fan in pear stikken; mei fragen fan studinten yn Grins en mei de saken fan it deistige libben. En yn dy drokte fan it libben moast de preek foar Pinkstersnein klear. It woe net goed: de holle wie my fol, de drokte siet my yn it liif.
Op sokke mominten gean ik dan faak nei bûten ta. Ik hie net troch hân dat it, nei in wike mei donker waar, ynienen sok prachtich waar wie. De himel wie ynblau, der stie in lichte wyn, de fûgels wiene drok en boartlik, de lûden klonken fier mar dochs wie it och sa stil. It kaam my alhiel oer it mêd doe’t ik oan de Swette stie. Ik rûn in ein en kaam by in bankje. Ik ferdwûn tusken it lange gers en de hege blommen. De sinne skynde fûl yn in wetter. Der sieten ferskate ljippen op it nêst, sa tusken de mais dy’t krekt opkommen wie. Inkelde wiene wrachtich noch oan it trêdzjen. De skries eamele oan ien wei troch. De fiskjedief wie drok oan it fiskjen en klapte hieltyd yn it wetter. De grutte ieldûkers wiene meast ûnder wetter. De merkels learden har jongen iten te sykjen. En it tilde dêr fan de einen: hiele lytse pykjes mar ek al grutte, hast folwoeksen, jonge einen.
En der siet ik dan. Mei in folle holle en drokte yn it liif. Myn sigaar wie my ta treast en de reek kringele moai rjocht omheech. En ynienen wie der ‘it lûd fan in lichte koelte’. Ynienen wurde it stil, en wurde ik stil, en wurde ik wei yn de ivichheid. Hoe lang wit ik net. Wie it lang of hiel koart? Mar yn dy stilte wurde ik samar oanrekke troch de Ivige, dy’t my nije azem joech. It wie in ‘verademing’, in ferromming. In wie in momint fan wjerskepping. Letter, thús, betocht ik my dat dat no krekt Pinkster is. Dan bidde we en sjonge we faak: Kom, Skepper Geast (Veni Creator Spiritus): om nije azem, nije skepping, nije moed, nije geastkrêft.
Ik wit net hoe’t it jo, of hoe’t it dy fergiet. Us libben is faak fol en fluch. De dingen fan de dei geane mar troch. De ûnderfiningen tommelje as it wiere oer ús hinne. En wy rinne en fleane der hymjend efteroan. Op sokke mominten is it goed te witten dat it wêzen yn de natuer in genêzende krêft hat. En dat de stilte, of it lûd fan it lichte koelte, nedich is yn ús libben. Dy stilte is hieltyd minder faak te finen. We moatte derom sykje. Faaks kin de katedraal fan de natuer en de katedraal fan de tsjerke ús derby helpe.
Nei dy ûnderfining oan de Swette wie de preek klear, ek al wist ik noch net krekt wat ik sizze soe.
meditaasje fan Ds. Hinne Wagenaar