Earlike Hannel

Earlike Hannel

Earlike Hannel: Jakobus 5: 1-6

Harkje ris, rikelju: begjin mar lûd te gûlen
om ’e rampen dy’t oer jimme komme sille.
Jimme rykdom is ferrotte,
jimme moaie klean binne fan ’e motten tefretten.
Jimme goud en sulver is ferroste.
Dy roast sil in oanklacht tsjin jimme wêze
en jimme fertarre as fjoer.
Skatten hawwe jimme gearfandele
en dat wylst it de lêste dagen binne.
Hark: it lean dat jimme de arbeiders ûntkeard hawwe
dy’t jimme fjilden sichte ha, ropt út jimme bûse
en it geskreau fan ’e minsken
dy’t jimme fruchten ynhelle hawwe,
is de Heare Sébaot net ûntkommen.
Jimme hawwe op ierde derfan smard en tard,
jimme hawwe jimmesels fetweide foar de dei fan it slachtsjen.
Jimme hawwe de ûnskuldige feroardiele en fermoarde
en der is gjin ferwar tsjin jimme.

Dizze tekst hawwe wy lêzen op snein 13 oktober, de snein fan it wrâlddiakonaat, dy’t it tema hie fan Earlike Hannel (eerlijke handel/fair trade). De tekst fan Jakobus is flymskerp en wy kinne de fraach stelle oft it wol wat mei ús hjir yn Nederlân/ Fryslân te meitsjen hat. Wurde ús arbeiders net goed betelle? Ferdiele wy de rykdom net aardich, mei in “progressyf” belestingstelsel? Is de tiid fan ’e feanarbeiders en fabryksarbeiders dy’t útstrûpt waarden net lang foarby?
Dochs komme we der net sa maklik fanôf. We libje hjoed de dei yn in ‘global village’ (wrâld doarp). In protte fan ’e produkten dy’t wy keapje binne produsearre yn lannen fier fuort. Foaral yn Afrika (mar net allinnich dêr) wurdt fierwei de bêste grûn brûkt foar it produsearjen fan produkten foar de Westerske merke. Oeral binnen plantaazjes foar rubber (autobannen) kofje, tee, kakao (sûkelade), katoen, bananen en oare tropyske produkten. Ik ha yn de tsjinst it foarbyld jûn fan in bananeplantaazje yn Kameroen. Sûnder te oerdriuwen, kinne we sizze dat de boppesteande tekst derop folslein fan tapassing is. De arbeiders libje en wurkje ûnder minske ûntearjende omstannichheden. De westerske bedriuwen meitsje moaie winsten en wy ite prachtige en lekkere bananen.
En sa giet it foar in grut part yn ’e Tredde Wrâld. Derom is der yn ’e tsjerken (en ek derbûten) in beweging ûntstien dy’t har ynset foar earlike hannel. Dat wol sizze, dat de arbeiders dy’t produkten foar ús produsearje ek earlik betelle krije. En dat sy in earlik bestean ha kinne. Dat sy in earlike nije takomst opbouwe kinne. Earlike hannel betsjut ek dat wy, hjir yn Fryslân, witte dat, as wy wat keapje, der gjin minsken foar krepearje. Dat is net sa wêze mei dat wy derfan smard en tard ha, dat wy ússels fetweide ha foar de dei fan it slachtsjen, wylst ûnskuldige minsken omkommen binne.
Derom tankje wy God foar organisaasjes as Kerkinactie, ICCO, Solidaridad, Oikocredit en Fair Trade organisaasjes (bygelyks de Wereldwinkel) dy’t har ynsette foar earlike hannel. Wy as ienfâldige minsken kinne de wrâld net samar feroarje. Wy kinnen gjin izer mei hannen brekke. Mar wy kinne wol oppasse en ús bewust wêze fan wat wy keapje. Tink der wat oan yn de kommende tiid fan feesten en besinning. Der binne genôch mooglikheden: Max Havelaar kofje, tee, en sûkelade (ek hagelslach). Oké bananen. Kuyichi spikerbroeken (fan earlik katoen). Ferjit net earlike sûkeladeletters foar Sinteklaas.

It binne no noch mar lytse stapkes. Yn ’e takomst moat der op elk produkt in label komme mei presise ynformaasje: hoefolle ûnrjocht keapje ik hjoed? Hjir leit in wichtige taak foar de gemeente fan Kristus. Wy witte ommers dat it by God om minsken giet! It geskreau fan ’e minsken dy’t lije en ferdrukt wurde ûntkomt de Hear God ek hjoed net.

meditaasje fan ds. Hinne Wagenaar