Peaskewacht jûns of moarns

Peaskewacht jûns of moarns

 ‘Moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie’ (Johannes 20: 1)

Yn alle fjouwer evangeeljes begjinne de opstanningsferhalen yn ’e iere moarn (sjoch Mattéus 28:1; Markus 16:1; Lukas 24:1 en Johannes 20:1) Jezus wie krusige op freed, foar de Sabbat. Dy sabbat begûn op freedtejûn by it tsjuster wurden en duorre oan te mei de sneontejûn. De Joadske folgelingen fan Jezus wiene op de sabbat net by steat om in protte te dwaan. Sy wiene bûn oan de foarskriften fan de Sabbat. Pas oan it begjin fan de nije wike, de earste dei nei de sabbat (ús snein), wie it mooglik om nei it grêf te gean. Sa kaam it dat de froulju op de tredde dei (nei freed en sneon) nei it grêf kamen. En sy gongen al foar’t ljocht wie. “Moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie”, skriuwt de evangelist Johannes. Ierebetiid is yn in protte tsjerken yn de wrâld de gewoante om de opstanning te fieren yn in Peaskewacht (paaswake). Dat is in nachtlike tsjinst wêryn wachte wurdt op de opstanning fan Kristus. Minsken weitsje (wekje) troch de nacht hinne. Sa’n Peaskewacht begjint om 10 of 12 oere (jûns) en giet troch oant de moarntiid ta. Yn de peaskenacht wekje minsken dan mei inoar yn tsjerke. Der wurdt sjongt en bidden. Der klinke op syn minst 7 lêzingen út it Alde Testamint en der is in protte stilte. Yn de iere moarn klinke dan de wurden fan it evangeelje en wurde de minsken útnûge on harren doop wer te betinken en te befêstigjen.

Yn Nederlânske tsjerken bart sa’n hiele nachtwake spitich genôch mar komselden. Meastentiids is de ‘Paaswake’ in tsjinst dy’t om 10 oere begjint en op in “kristlike” tiid ôfrûn is, sadat minsken in bytsje op tiid op bêd gean kinne. Wannear’t it dus net mooglik is om de hiele nacht te wekjen dan wurdt it meastentiids al gau in “Peaskenachttsjinst” yn de trant fan in “Krystnachttsjinst”. Dat is fansels ek prachtich, mar is dat wol terjochte? In Krystnachttsjinst is prachtich midden yn de donkere winternacht. Kryst heart by de nacht. Mar Peaske heart by de iere betide moarn. Peaske heart neffens de evangeeljes by de moarntiid. Wannear’t we de Peaskewacht fiere op sneontejûn dan giet dat wat te fluch. Jezus is stoarn op freed. En de opstanning wie op ’e tredde dei. We kinne de opstanning dan einliks noch net fiere op sneontejûn, krekt mear as 24 oeren nei dat we de tsjinst op freedtejûn hân ha.

In hiele nacht yn tsjerke wekje. Dat wie de tradysje fan de tsjerke fan de earste iuwen en wurdt noch in protte dien yn ferskate tsjerken oer de hiele wrâld. Mar as dat foar ús net mooglik is, dan is it miskien better om de Peaskewacht net op sneontejûn te hâlden, mar op sneintemoarn ierebetiid. Dêrom komme we dit jier op peaskesnein, krekt as ôfrûne jier, moarnsier by inoarwannear’t it noch tsjuster is. We sammelje om 6.00 oere by in houtfjoer bûtendoar by it Hôf. Dêr wurdt de nije Peaskekears oanstutsen. Mei dizze Peaskekears geane we de noch tsjustere tsjerke yn. We sjonge en bidde. We lústerje nei in pear lêzingen út it Alde Testamint en we lêze it Peaske evangeelje neffens Lukas. Yn dizze tsjinst komme we ek gear om it doopfont hinne, om ús doop te betinken en te befêstigjen. Yn dizze (koarte) tsjinst kinne bern en jongeren ek hiel goed meidwaan. Se sille de symbolyk wol goed begripe kinne. Fansels sil it net foar elkenien mooglik wêze om derby te wêzen sa betiid. Mar gelokkich komt dernei noch in prachtige Peasketsjinst om 9.30 oere.

As ik tink oan “moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie” moat ik ûnwillekeurich tinke oan myn lêste Peaske yn Kameroen. Mei Peaske 2002 wie ik útnûge om te preekjen yn de grutste Presbyteriaanske tsjerke fan Yaoundé, de haadstêd fan Kameroen. It wie yn de reintiid en it wetter kaam mei bakken út de himmel. De tsjinst begûn ierebetiid, om 4 oere yn de nacht. De nacht wie roetswart (gjin strjitferljochting), en it wie allegearre wetter. Mar de minsken kamen yn grutte oantallen, hast 4000 minsken!. De measten moasten 1 of 2 oeren rinne nei tsjerke ta. En allegearre hiene se in stompke kears mei (in nije kears is meastal te djoer), net allinnich mar om Peaske te fieren, mar ek om de wei by te ljochtsjen. Tusken 6 en 7 oere begûn it te skimerjen. En by it lemieren mocht ik preekje. Oer de froulju dy’t nei it grêf kamen, moarnsier doe’t it noch tsjuster wie. Wat dat betsjut hoegde ik dy gemeente yn Kameroen net út te lizzen.

Meditaasje fan Hinne Wagenaar

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee × vijf =