Gebed foar biddei
Tank
No’t alles om ús hinne rêstich wurdt en stil
komme wy ta Jo Hear.
Wy tankje Jo foar dizze dei,
wy tankje Jo foar it libben,
foar de minsken dy’t wy moete ha,
foar alle lytse freugden.
Wy tankje Jo foar alle rykdom yn ús libben:
foar ús iten eltse dei
foar in dak boppe de holle
foar goede soarch,
foar medisinen, foar dokter en sikehûs
foar goed ûnderwiis
foar ús taal en kultuer
foar sport en rekreaasje
foar alle soarten fan ferdivedaasje
Wy tankje jo foar ús mem, de ierde,
mei alle natuer om ús hinne
foar kleur en blommen,
foar Tulp en Narsis
foar loft en fûgels,
foar Skries en Ljip
foar alle opbringstdy’t de ierde ús jout.
Foarbea
Mar nêst it tankjen, bidde wy hjoed.Bidde wy foar in goede opbringst
fan ús gewaaks en ús wurk.
Wolle jo de ierde segenje
en ús iten en drinken jaan
Wolle jo ús wurk segenje
en ús goede opbringst jaan.
Dêrom bidde en sjonge wy mei inoar: (om sels yn te foljen)
Wy bidde net allinne foar ússels
mar foaral foar minsken dy’t libje yn honger en earmoede
yn oarloch en ellinde
foar eltsenien dy’t gjin iten hat
gjin dak boppe de holle
gjin goede soarch,
gjin medisinen, gjin dokter en sikehûs
gjin goed ûnderwiis
gjin kâns op eigen taal en kultuer
gjin sport en rekreaasje
Dêrom bidde en sjonge wy mei inoar:
Wy bidde foar eltsenien dy’t gjin wurk hat
foar eltsenien dy’t net mear wurkje kin
foar eltsenien dy’t wurk docht sûnder nocht en wille
mar ek foar alle minsken dy’t frijwillich wurk dogge
dy’t har ynsette foar oare minsken
en foar ús maatskippij
Dêrom bidde en sjonge wy:
Wy bidde foar ús skepping:
dat wy goede rintmasters wêze meie
dat wy de ierde net fierder kapot meitsje
mar al ús wurk en ha
ynpasse yn it bewarjen fan jo skepping.