Gebed om rêst preek fan ds. H. Wagenaar
Gebed om rêst
God, jou my de rêst
om te akseptearjen
wat ik net feroarje kin,
de moed om te feroarjen wat ik kin
en de wiisheid om it ferskil te sjen.
Amen
Wy libje yn in wrâld wêryn hiel wat bart en wêryn hiel wat geande is. Wy sjogge it op TV en lêze it yn de kranten. Wat is der in protte ûnrêst en wat wrakselje de folken en de minsken wat ôf. En krekt sa’t der yn de grutte wrâld in soad geande is, sa giet der ek hiel wat om yn ús eigen libben.
Dat sjogge wy fansels net op TV en dat lêze wy net yn de krante. Nee, dat meitsje wy mei, dat belibje wy sels. En ek foar ús jildt fakentiids: wat ha wy in soad ûnrêst yn ús holle en yn ús lichem. En wat wrakselje wy wat ôf.
De fraach fan ’e moarn is: hoe geane wy hjir mei om? Hoefine wy rêst?
Lês hjir de hiele preek