Peaskewacht

Peaskewacht

Peaskewacht:

Dizze moarn hoege der net al tefolle wurden sprutsen te wurden. Alles is ommers al sein troch de symboalen, de lieten en de lêzingen.
Wy binne hjir fan ’e moarn ierebetiid (6.00 oere), it wie noch tsjuster, by inoar kommen om de opstanning fan Kristus te fieren. Nei de spannende dagen fan de ôfrûne wike is der no de ferromming. Wite Tongersdei en Freed wiene dagen fan betizing en alteraasje. Dagen fan ûntkenning en fan eangst, fan flechtsjen en ferried. It wiene dagen fan triennen en ûntheistering. Want alles like derop dat God, yn de krusiging fan Jezus Kristus, oan it koartste ein lûke soe. It hie der alle skyn fan dat it kwea it foar it sizzen ha soe op ierde, en yn ús libben. It like wrachtsjes wol as sammele alle kwea him byinoar op dy keale heuvel bûten Jeruzalim om dúdlik te meitsjen dat wy ús yllúzjes oer de goedheid fan God en oer it Keninkryk wol farre litte koene.
Nei in lange stille sneon fan wachtsjen, fan ôfwachtsjen, komme wy hjir no byinoar. En wy fine bûten yn it tsjuster in fjoer brânen. Wy drage it Ljocht fan Kristus de tsjerke yn. Wy krije it Ljocht fan Kristus sels yn ús eigen hannen, foar ús eigen libben. En wy hearre út ’e Bibel dat God it Ljocht skepen hat út it tsjuster, dat boppe de oerfloed en de ôfgrûn lei, wei. Wy hearre dat God in folk fan ferhûddûke slaven frij makke hat. En dat God nije takomst jout, ek al is der noch safolle ûnrjocht en ûnderdrukking. En eintsjebeslút hearre wy dat it grêf leech is, dat Kristus opstien is út de dea. Wy wisten it, mar kinne it lykwols hast net leauwe. En wy binne yn goed selskip, want de apostels fûnen it ek mar healwizepraat (Lukas 24:11) doe’t de froulju it harren fertelden.
Wy sizze hjoed de dei faak: ‘net te leauwen’. No, de opstanning fan Kristus is hast net te leauwen. Mar wy meie hjoed ferromme, bliid en healwiis troch de tsjerke en troch it libben springe en huppelje. Want Kristus is yndied opstien. En dat betsjut dat nettsjinsteande alle swierrichheden yn de wrâld en yn ús libben, wy leauwe meie dat it kwea en de sûnde it lêste wurd net hawwe. Net yn ús wrâld en net yn ús libben! Wy meie leauwe dat Gods goedens sterker is as alle kwea, dat Gods leafde krêftiger is alle haat, dat Gods ljocht fierder rikt as alle tsjuster, dat Gods libben foarby de dea bestiet, dat Gods skjintme moaier is alle alles wat der oan smoargens en skjintme te finen is op ierde.
Dêrom sjonge wy aansten, wannear’t der belidenis dien wurdt en wannear’t wy allegearre ús leauwe fernije meie troch ús doop te betinken, it liet fan emearitus aartsbiskop Tutu út Súd Afrika:

’t Goede is sterker as ’t kweade
leafde sterker as haat.
Ljocht is sterker as tsjuster
libben sterker as dea.
Hy hat oerwûn, Hy hat oerwûn,
syn leafde draacht ús. (Wylde goes, nû. 41)

Amen.

meditaasje fan ds. Hinne Wagenaar