Rinne oer it wetter, preek fan ds. H. Wagenaar
It is hjoed in histoaryske dei! Op 8 juny 1908 kamen ds. Huismans, Dr. Wumkes en sa’n 50 oaren by inoar om it Kristlik Frysk Selskip (KFS) op te rjochtsjen. Dêrmei bestiet it KFS hjoed op de dei ôf 100 jier. Op 8 juny 1908 wie it Pinkstermoandei en dus harken hja nei de wurden út Hannelingen 2 oer it talewûnder op it Pinksterfeest: ‘Hoe komt it dan, dat in elk se praten heart yn syn eigen memmetaal? Wy hearre harren yn ús eigen taal fertellen fan Gods grutte dieden.’(Hann. 2: 8, 11) Fan dy dei ôf fielt it KFS it as syn ropping om it ek de Friezen mooglik te meitsjen it evangeelje yn har eigen taal te ferkundigjen en te hearren.
………………………
Wy komme dan sels miskien ek op in punt út dat wy Jezus freegje ‘Hear, sis my, dat ik oer it wetter by Jo komme moat’. Want rinne oer it wetter, mei Jezus as reisgnoat, is fantastysk!