Tafelgebed ll
Fanút ‘e djipte roppe wy:
harkje nei ús stim, sjoch ús oan
en werken it wurk fan jo hannen.
Ut klaai en wyn hawwe Jo ús makke,
besibbe oan ierde, ús wenplak, foar goed.
Wie dit de bedoeling:
in wrâld yn ûnstjoer, útrûpele grûn,
minsken dy’t elkoar nei it libben stean?
Ferbyn wer wat byinoar hearde:
it libben by de ierde, de leafde by de minsken,
frede by bestean.
Fanút dit hjoed en no roppe wy:
harkje nei ús stim, sjoch ús oan
en werken it wurk fan jo hannen.
Dêr’t wy net by kinne,
dy’t wy út ûnmacht net berikke
drage wy op oan Jo:
dy’t yn in lân fan oarloch libje,
dy’t fan hûs ferdreaun binne en gjin
sicht op frede hawwe,
dy’t siik binne en net te rêden,
dy’t earm binne en net sliepe kinne
fan ‘e soargen
dy’t iensum binne, en gjin minske
sjocht nei harren om,
dy’t leaver dea binne
en gjinien kin har de freugde
fan it libben bewize.
Wy bidde foar de minsken
dy’t tusken wâl en skip falle,
net sjoen, net heard, oars net
as troch Jo.
Margriet Poortstra