Us Heit op A6 formaat

 |

Us Heit op A6 formaat

Brûke jo as gemeente geregeld it Fryske Us Heit, of soene jo dat faker dwaan wolle? Faak rinne minsken tsjin it probleem oan, dat se it Onze Vader al, mar it Us Heit net út ’e holle kinne. 
Yn ’e tsjerken fan Burchwert en Hichtum hawwe wy dat oplost, troch by de yngong lytse, plastifisearre A6-kes del te lizzen mei de tekst fan it Us Heit. 
Gasten of oaren dy’t dêr gebrûk fan meitsje wolle, nimme it mei de tsjerke yn, en lizze it by it útgean wer del (of net ….).

Klik hjir foar it A4-ke yn ’e goeie opmaak: jo printsje it út, kopiearje it sa faak as jo wolle, en geane dermei nei in printerij of fotokopiearwinkel, dêrnei snije en plastifisearje. Soargje al foar in bytsje romte tusken de A6-kes, en snij se byneed in bytsje lytser!

Us Heit

Us Heit yn ’e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo Keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde op ierde likegoed
as yn ’e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden sa’t ek wy ús
skuldners ferjûn hawwe
en lit ús net yn fersiking komme
mar ferlos ús fan ’e kweade.
Want jowes is it Keninkryk
en de krêft en de hearlikheid
oant yn ivichheid.

Amen.