Tafelgebed I
Jo roppe wy oan, dy’t wie foar’t wy bestiene,
dy’t skieding makke tusken tsjuster en ljocht,
ferskil fan nacht en dei, ús foarme nei jo byld.
Ut ierde makke, oan dizze grûn ferbûn,
noch mei jo lucht yn ‘e longen,
binne wy jo bern, oant op ‘e dei fan hjoed.
Rommer as dit libben, mear as wat wy sjogge,
djipper as de boaiem fan ús siel,
by Jo, yn wa’t de leafde foar bestean besletten leit,
fine wy frede.
Lit net it kwea oerwinne; jo ljocht is sterker
as it tsjuster fan ‘e nacht. Ien foar ien
binne wy by Jo bekend, jo skepsels;
sjoch nei ús om, dat wy net ferlern gean
yn in boaze wrâld.
Rommer as dit libben, mear as wat wy sjogge,
djipper as de boaiem fan ús siel,
by Jo, yn wa’t de leafde foar bestean besletten leit,
fine wy frede.
Sjoch om nei dy’t it libben net ferneare
en útsjogge nei de dea, dy’t gjin thús mear fine,
dy’t pine lije oan bestean. Dêr’t toarst en honger
foar master opslaan, dêr’t frede in fergetten wurd is
en ûnskuldigen it belije moatte, ferlos jo folk.
Rommer as dit libben, mear as wat wy sjogge,
djipper as de boaiem fan ús siel,
by Jo, yn wa’t de leafde foar bestean besletten leit,
fine wy frede.
Lykas it hart, dat longeret nei wetter,
sa langje wy nei leafde. Liedt ús nei de boarne
fan frede. Lit ús jo hearlikheid sjen.
Ferbergje Jo net langer.
Dy’t tsjin Moazes sei:
“Ik sil al myn goedens foar dy lâns gean litte
en de Namme fan de Heare foar dy útroppe.”
Sa sil Jo hân ús bedekke en jo krêft
ús neiby bliuwe.
Mei taastber brea hâlde Jo ús yn libben,
mei manna yn ‘e woestyn, mei ieren
op de fjilden fan Bethlehem, hûs fan brea,
dat it berteplak wie fan David,
foarfaar fan Jezus, foarbyld yn jo Namme.
Hy lei de hannen op bline eagen
en seach de minsken mei leafde oan.
Dy’t lamslein wienen, liet er oerein komme,
de stomme joech er it wurd. Yn syn dieden
it antlit fan de Ivige op ierde.
Dy’t op ‘e lêste jûn fan syn libben
it brea briek en dielde,
de beker rûngean liet,
en oer syn oansteande dea hinne,
ús oprôp om dêrmei it libben te fieren
dat hy sjen litten hie.
Margriet Poortstra