Jiergearkomste 2012

Jiergearkomste 2012

JIERGEARKOMSTE KRÚSPUNT 21 APRIL 2012

Yn de Lantearne neist de Terptsjerke fan Akkrum fûn sneon de tredde jiergearkomste plak fan Krúspunt. Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t wat te sykjen of te bieden hawwe op it mêd fan Frysk en tsjerken. It is as Frysk oekumenysk platfoarm de opfolger fan it Kristlik Frysk Selskip.

Sjongster Grytsje Kingma kaam it earst oan it wurd en sette de toan mei in liet fol langstme: ‘Faak tink ik oan in prachtich liet, in liet dat no noch net bestiet.’ Ek belibbe Krúspunt de première fan in liet, spesjaal skreaun by it tema fan de dei: ‘It is in toer yn Fryslân’. As ynlieding lies dûmny Hinne Wagenaar de bibelske skiednis fan de toer fan Babel. Men kin de spraakbetizing mei rjocht sjen as straf foar de grutskens fan minsken, wie syn útlis dêrby. Mar men kin de meartaligens ek sjen as in jefte fan God, tsjinoer de ideology fan minsken dy’t alles en elkenien ûnder ien macht en ien taal bringe wolle.

Haadsprekker fan de dei wie teologe Reinie van Akker. Sy die yn de Protestanske gemeente fan Wurdum ûndersyk nei it brûken fan Frysk en Nederlânsk yn ‘e tsjinsten en wat de minsken dêrfan fine. ‘It is in Toer yn Fryslân’ is de titel fan har ûndersyksferslach.
De middeis wie it wurd oan de dielnimmers fan de Krúspuntdei. Deifoarsitter Eelke Goodijk lei de oanwêzigen in fiiftal fragen foar: Hoe krije wy de meartalige tsjerketsjinsten as útnoegjend oandachtspunt wer op ‘e aginda fan ús tsjerkeried? Hokfoar kant moat it út mei it Frysk yn ‘e tsjerken? Wat kinne jo sels dwaan om it Frysk gewoan te meitsjen yn ‘e tsjerketsjinst? Wat ferwachtsje jo fan ‘e tsjerkeried? Wat kin Krúspunt yn dit stik fan saken betsjutte? Dit petear levere in tal dúdlike konklúzjes op.

De Fryske toer

It is in toer yn Fryslân
ús eigen taal te brûken,
yn tsjerke of dêrbûten,
wy moatte der oan lûke.
Us taal mei net ferdwine,
dy hat sa’n ryk ferline,
dat kinn’ wy dan wol fine,
mar hoe sill’ wy dat dwaan?

Hjir sitte idealisten
dy’t graach har taal behâlde.
Of binn’ wy realisten:
it bliuwt net by it âlde.
Ha wy wol wat te kiezen?
Of sill’ wy it ferlieze,
sa’n hantsjefol mei Friezen –
wat sil de takomst jaan?

Der is genôch oan lieten
en bondels, edukaasje.
Dochs is it faak in striid en
jout it mar argewaasje.
Mar lit de moed net sakje
al is it net in makje
elk op ús eigen plakje:
(op) ús eigen Fryske toer.

© Grytsje Kingma
16 april 2012