Jiergearkomste 2013

Jiergearkomste 2013

De Stifting Krúspunt, Frysk Oekumenysk Platfoarm, frege op de jiergearkomste 2013 yn’t bysûnder oandacht foar it gebrûk fan Frysk yn en om de tsjerken. Foaral om’t der de lêste jierren in spontaan proses geande is op’t tsjerklik mêd. De sitewaasje fan safolle Hollânske en safolle Fryske tsjinsten feroaret yn de rjochting fan in natuerlike meartaligens en ôfwikseling fan beide talen yn ien tsjinst. Om dit proses yn de gemeente te begelieden en fêst te lizzen yn belied hat Krúspunt in hanwizer makke. Ek kinne tsjerklike gemeenten en oaren Krúspunt útnoegje foar in gemeente- of tarêstingsjûn. Oan de hân fan it foarbyldprogramma “De Geast sprekt alle talen stiet it ûnderwerp meartaligens yn de earetsjinst dy (gedieltelike) jûn yn jo gemeente sintraal.
Mear ynformaasje oer dizze dei klik op ien fan de links hjirûnder: