Jiergearkomste 2014
Sneon 29 maart 2014 waard de fiifde jiergearkomste fan Krúspunt hâlden. Dizze kear hie it bestjoer keazen om dat yn Feanwâlden te dwaan. It programma spyle him ôf op trije lokaasjes.
De ynrin fanôf 10.00 oere wie mei kofje/tee mei wat derby yn de Mienskip. Om 10.30 oere begûn it moarnsgebet ûnder lieding fan Hinne Wagenaar yn de Jehannestsjerke. Oanslutend makke yn deselde tsjerke Toos Reichman de winner bekind fan it moaiste nije krystliet: Jacobus Knol fan Dokkum.
It winnende Krystliet en wat oaren der fan fûnen.
Foar in oersjoch fan it fierdere deiprogramma fan de Krúspuntdei op 29 maart 2014 klikke jo hjir.
Jan Jongsma skreau in ferslach yn ’t FD.
De LC die ferslach fan it ûndersyk troch Koen Zondag útfierd ûnder Meniste foargongers oer it gebrûk fan it Frysk.
Ien fan de Krúspuntdeibesikers wie Wiep Koehoarn fan Stiens. Op syn blogspot stiett wat hy oer dizze dei skriuwt.