Jiergearkomste 2022

Jiergearkomste 2022

Krúspunt betinkt Bernard Smilde yn Akkrum

Op  sneon 9 april 2022 is der, nei twa jier, wer in jiergearkomste fan Krúspunt yn Akkrum holden. De hiele dei stie yn it teken fan dûmny Bernard Smilde, dy ’t dit jier 100 jier lyn berne waard.

Nei de ynrin om 10.00 oere en nei it húshâldlik diel fan ‘e dei waard der sjongend en lústerjend oandacht jûn oan it libben en wurk fan dûmny Bernard Smilde.

Martha de Boer joech oandacht oan it 30 jierrich bestean fan de Fryske fesper yn Ljouwert. Fan dy fesper wie Bernard Smilde ien fan de inisjatyfnimmers. Lútsen Kooistra prate ús by oer de nije Fryske bibeloersetting. Dy oersetting moat de opfolger wurde fan de oersetting, útbrocht yn 1978, dêr’t Bernard Smilde as redaksjesekretaris oan ferbûn wie.

Fanôf 12.15 wie der skoft en ieten wy ús eigen meinommen brochje. It sop foar fan de behearder smakke der skoan by.

Yn it middeisdiel behannelen Liuwe Westra en Geart fan der Heide dûmny Bernard Smilde as oersetter en dichter/musikus.
De middei waard mei meiwurking fan it Kwartettekoar ûnder lieding fan Feike van Tuinen ôfsluten mei in priuwke fan it nije programma fan it koar en dernei yn de styl fan Bernard Smilde mei in fesper. Liuwe Westrra wie deryn de foargonger.

Sa seach it programma fan de dei der út.

Lês hijr de bloch fan Wiep Koehoorn dy’t in ferslach fan dizze dei makke.