Tsjinstboeken fan de Protestantske Tsjerke digitaal

Tsjinstboeken fan de Protestantske Tsjerke digitaal

Sûnt ein july 2016 binne Tsjinstboek I (2005) en II (2010) fan de Protestantske Tsjerke digitaal ûntsletten. Wa’t gebrûk meitsje wol fan teksten en/of muzyk út dy beide boeken kin de Word-bestannen dêrfan fan it ynternet helje en yn de eigen liturgy kopiearje. Muzykbestannen (liturgykse sangen en lieten) binne as ‘plaatsje’ yn Word-bestannen opnommen en kinne maklik nei de eigen dokuminten ta kopiearre wurde.
De tsjinstboeken binne te finen op www.dienstboek.nl, in ûnderdiel fan www.preekwijzer.nl. Under Downloads steane de Nederlânsktalige en Frysktalige edysjes, sawol yn pdf- as yn Word-formaat.

Beide dienstboeken digitaal

Sedert eind juli 2016 zijn Tsjinstboek I (2005) en II (2010) digitaal ontsloten. Wie gebruik wil maken van teksten en/of muziek uit die beide boeken kan de Word-bestanden daarvan van het internet halen en in de eigen liturgie kopiëren. Muziekbestanden (liturgische gezangen en liederen) zijn als ‘plaatje’ in Word-bestanden opgenomen en kunnen gemakkelijk naar de eigen documenten worden gekopieerd.
De dienstboeken zijn te vinden op www.dienstboek.nl, een onderdeel van www.preekwijzer.nl. Onder Downloads staan de Nederlandstalige en Friestalige edities, zowel in pdf- als in Word-formaat.