Jan Jacob Poutsma

 |

Jan Jacob Poutsma

Op 22 july 2020 ferstoar dûmny Jan Jacob Poutsma. Hy wie emearitus dûmny yn de Grifformearde Tsjerke frijmakke.
Fan 2013 oant 2017 makke ds. Poutsma diel út fan it Krúspunt bestjoer. Hy waard fanút it Deputaatskip Fryske Earetsjinsten (DFE) beneamd. It DFE is dielnimmende organisaasje fan St. Krúspunt.
Yn 2017 waarden de plannen om in breed oekumenyske lietebondel hieltyd konkreter en ds. Poutsma waard ien fan de fjouwer redaksjeleden. De bondel waard maart 2019 presidentearre yn de Fonteintsjerke yn Drachten.

Yn it Frysk Deiblêd stie de ûndersteande advertinsje:

Stil en oandien binne wy troch it ferstjerren
fan ús âld bestjoerslid en redaksjelid fan de
sjongbondel “Lieten fan leauwe en langstme”

             Jan Jacob Poutsma

De Fryske taal lei him nei oan it hert en hy hat him
tige ynspand om de taal ek yn it tsjerkefermidden
te brûken.

Wy bidde om treast en krêft foar syn frou en bern.

Ut namme fan it bestjoer St. Krúspunt
foarsitter Sipke Huismans
skriuwer Geart van der Heide
www.kruspunt.frl