Deputaatskip Fryske Earetsjinsten GTF

Deputaatskip Fryske Earetsjinsten GTF

vignet_fmDer bestie in wurkgroep mei as doel de Fryske taal yn de (frijmakke) Grifformearde Tsjerken yn Fryslân te fuortsterkjen. De wurkgroep is yn 2005 út ein set. No hat de Partikuliere Synoade fan de Griff. Tsjerken (frijmakke) fan 2 Juny 2010 de Wurkgroep Fryske Earetsjinsten beneamd ta “Deputaatskip Fryske Earetsjinsten”.

De needsaak foar it ûntstean fan de Wurkgroep wie, dat der yn 2005 noch mar ien emiritearre dûmny yn de frijmakke tsjerken wie, dy’t ien of twa kear in Fryske preek hâlde mocht. Dat wie dû. Sipke Cnossen út Oerterp. Hy preke dan bygelyks yn Ferwert.  Dy sitewaasje is ûnderwilens aardich ferbettere.

Dêrneist is de Deputaatskip Fryske Earetsjinsten GTF  te set mei it gearstallen fan in bondel Fryske preken. De liturgyske formulieren dy’t yn de frijmakke Tsjerken brûkt wurde binne op dit stuit fierhinne oerset en de Wurkgroep hat ek al hiel wat dien wat it oersetten fan de “klassike” Grifformearde Belidenissen oanbelanget:

  • De Confessio Belgica (Nederlânske Belidenis fan it Leauwe of de 37 Artikel fan it Leauwe) is klear en is frijjûn foar gebrûk troch de Partikuliere Synoade 2011;
  • De Heidelberger stiet op it Ynternet;
  • Wat de Learregels fan Doardt (Dordrecht) oanbelanget: mei de oersetting yn it Frysk fan hjoed-de-dei is in begjin makke. Nei ferwachting is dit wurk net earder klear as yn 2013.

Foarsitter fan it Deputaatskip:
dû David de Jong
Marleseweg 17
7683 PH  Den Ham (Oerisel)
till.: 0546 750240
e-mail: daviddj@solcon.nl 

Skriuwer fan it Deputaatskip
Gjalt Visser
Schwartzenbergstrjitte 15
9104 HJ Damwâld
till.: 0511 42 22 28
e-mail: InfoDFE@kpnmail.nl

As jo op Deputaatskip Fryske Earetsjinsten klikke komme jo op it ynternetadres en kinne jo delhelje wat frijjûn is foar publikaasje.