Fryske sjongmiddei yn Ljouwert

Fryske sjongmiddei yn Ljouwert

 

YKFE logoFryske sjongmiddei yn Ljouwert

LJOUWERT – Op snein 30 septimber wurdt yn  de Lutherske Tsjerke fan Ljouwert de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde komme út it nije lieteboek dat yn 2013 troch de lânlike tsjerken yn gebrûk naam is.  Yn april 2015 is de fryske oersetting fan dit lieteboek presentearre yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert. It útgongspunt fan dit jier binne de psalmen. Yn it lieteboek steane, neist de psalmen sa’ t se yn de measte tsjerken yn Fryslân songen wurde, ek oare foarmen wêrt se yn songen wurde kinne. Sa as men dat bygelyks docht yn de kleasters of yn de tsjerke fan Ingelân, mar ek yn de fermiddens fan Taizé en Iona. Meiwurking is der fan in gelegenheidskoar ûnder lieding fan Geke Bruinig-Visser. It oargel wurdt bespyle troch Geart van der Heide.

De sjongmiddei op 30 septimber yn de Lutherske Tsjerke fan Ljouwert begjint om 15.00 oere en de tagong is fergees.