Op wei nei in nije Fryske bibeloersetting (Diel 6)

Op wei nei in nije Fryske bibeloersetting (Diel 6)

Boekbesprek op wei nei in nije Fryske bibeloersetting op termyn (Diel 6)

Wiep Koehoorn út Feinsum hat in tal jierren lyn ûndersocht of it mooglik is dat der op termyn in nije Fryske bibeloersetting komme kin.
Hy wol op ferskillende wizen dit oan de oarder stelle. Ien fan syn aktiviteiten is dat er út de besteande literatuer oer de Fryske Bibel sa no en dan ris in boek(je) kiest, lêst en besprekt.

Hy wol sa wat mear te witten komme oer wat der rûn Fryske bibeloersettings yn it ferline dien is. Ien fan de boekjes dy’t hy dêrta lêzen hat, is it boekje ‘Ut ‘e Heilige Dobbe’ fan dûmny dr. G.A. Wumkes.
Klik hjir op publikaasje om it boekbesprek fan Koehoorn te lêzen, dat te finen is op de weblog fan Koehoorn.

It like Krúspunt nijsgjirrich ta om dit boekbesprek (en der komme noch in tal oare) ek op de webside van Krúspunt te publisearjen. Krúspunt-webside-besikers kinne dan sa stadichoan meinommen wurde yn de gong nei in nije Fryske bibeloersetting. It sil wol in lange gong wurde om in nije Fryske bibeloersetting te realisearjen, mar no’t dat al úteinset is, komme wy grif wol in stap fierder.

It wie in hoeden begjin fan Koehoorn, en wa’t mei dwaan wol, wie wolkom. Der sil  oanhâlden wurde moatte as storein. Dan sil wiswier op termyn de nije Fryske bibeloersetting wol ferskine.

Krúspunt wol by dizze stappen meidwaan troch op de eigen webside nei dizze boekbesprekken troch te linken nei de weblog fan Wiep Koehoorn.