Treast foar it nije jier 2021

Treast foar it nije jier 2021

Treast foar it nije jier 2021

(troch de foarsitter fan Krúspunt Sipke Huismans)

Sa’t guon fan jimme witte, ha ik de lêste moannen fan 2020 in protte lêzen yn de boeken fan Jonathan Sacks, opperrabbyn fan Ingelân. Hy hat syn kommentaren op de Thora útjûn. Dy ha my in protte nije ynsichten jûn op de joadske wize fan omgean mei de bibel. Ofrûne 7 novimber wie ik in brief oan him oan’t skriuwen om him te betankjen en mei him yn diskusje te kommen. Moandeis lies ik yn de krante dat hy krekt dyselde dei stoarn is. Dat wie foar my in grutte tebekset.

Yn it libben fan ús allegearre, yn elk gefal yn myn libben binne der altyd in protte saken, dy’t ôffalle, of mislearre binne, saken dy’t wy leaver oars hân hiene. Dêrom woe ik jimme in tekst fan Jonathan Sacks mei jaan oer de dea fan Mozes. It wie foar my in tekst fol treast (side 366 – 367). Ik hie noch nea sa tsjin Mozes oansjoen. Dy tekst wol ik by de wikseling fan dit jier mei jimme diele.

Der hat nea ien west, noch sil der ea ien wêze as Mozes, mar syn libben gie út boppe alle konfesjonele wiisheid oer liederskip. Wy oardielje lieders nei harren sukses. Mozes faalde hast yn elk stadium. Doe ’t hy foar de earste kear besocht om de Israeliten frij te krijen antwurde de Farao mei it noch swierder meitsjen fan har lêsten. De Israeliten klagen. Se giene de hiele tocht troch mei har klagen. Se hiene gjin iten; se hiene gjin wetter; it iten stie har tsjin; it wetter wie bitter; se woene werom. Trije dagen nei it wûnder fan it spjalten fan de Reidsee, wiene de minsken alwer oan it kleien. En 40 dagen nei de grutste iepenbiering yn de skiednis, by de berch Sinaï, makke it folk it gouden keal. By de grins flak foar de yntree yn it lân, brochten de spionnen in ûntmoedigjend rapport út, en fertragen harren oankomst mei 40 jier.

Korach dage Mozes út om syn liederskip. Syn eigen broer en suster sprutsen negatyf oer him. Himsels, troch in útglider by it slaan op de rots, waard ferbean om it beloofde lân yn te gean, en al syn gebeden om dit oardiel op te heffen waarden wegere. Syn eigen soannen skeaten te koart om syn wurk fuort te setten; se ha him net opfolge. Hy wie ferslein oer de lytse útwurking, dy’t er hie op de minsken. Nettsjinsteande alles wat se meimakke hiene, feroaren se gjin sprút. Grutte hope foar de takomst hie er ek net. Want hy sei tsjin de folgjende generaasje: ‘Ik wit hoe rebelsk en stiifkoppich jimme binne! Sjoch, sels wylst ik noch yn jimme fermidden libje, binne jimme yn opstân kommen tsjin de Heare. Wat sil it dan wurde nei myn dea?’ (Deut. 31:27).

Kin in libben fol mislearringen in sukses wêze? Yn de termen fan de wrâld, nee. Yn geastlike termen, útdruklik ja. Syn neiskrift (yn Parashat Vezot Haberakha) begjint op in bysûnder beskieden wize:  Sa stoar hy dêr, yn it lân fan Moab, Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, neffens wat de Heare sein hie (Deut. 34: 5). Mar de Thora lit it dêr net by. Dy foeget ta, yn de slotwurden: ‘Lykwols is der net wer in profeet yn Israel opstien lykas Mozes, dêr’t de Heare persoanlik mei omgong, sjoen alle tekens en wûnders dy’t de Heare him opdroech yn Egypte foar Farao en al syn feinten te dwaan en foar syn hiele lân, en sjoen hiel de grutte krêft en de duchtige dieden, dy’t Mozes dien hat foar de eagen fan hiele Israel (Deut. 34: 10-12).

De wizen ha har ôffrege, wa’t dizze wurden skreaun hat. Wie it Mozes sels, diktearre troch God, of wie it syn trouwe tsjinstfeint Jozua? Ik wol graach it twadde tinke. Want it wie it einoardiel fan de skiednis, en wy krije nea it einoardiel fan de skiednis te sjen by libben, sels Mozes net. Hy wie ien fan de earsten fan dy lange list minsken, dy by libben har eigen rom net seagen.

Wy witte net wat it einoardiel oer ús skreppen wêze sil. Wy hoege ús ek net te fergelykjen mei Bach, Kafka of Van Gogh, foarbylden dy’t Jonathan Sacks oanhellet. It iennige wat fan ús frege wurdt is om trou ús wurk te dwaan op it plak dêr’t wy steld binne.
Mozes krijt as earetitel ‘Tsjinstfeint fan de Heare’, omdat er trou bleaun is oan syn ropping. En dat bringt my ek by myn Heit, dûmny yn Heerhugowaard, Stiens en Warten, dy’t dit jier presys 50 jier lyn stoarn is. Hy hat der ek altyd nei stribbe om ‘Verbi Divini Minister’ te wêzen, tsjinner fan Gods wurd.