Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Op snein 24 juny hâlde wy ús lêste fryske fesper fan dit seizoen. Dat sil wer wêze yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert, de jûns om 19.00 oere.

Foargonger is ds. G. Bruinsma, wylst Sytske Eringa foardrage sil.

De muzikale meiwurking komt fan Theo Jellema oan it oargel en de kantorij fan de Grut Tsjerke ûnder lieding fan Geke Bruining.

Om’t wy mei dizze fesperfiering it seizoen ôfslute, is der nei de fiering gelegenheid om ûnder it genot fan in kopke kofje of tee mei fansels kleasterkoeke noch even nei te praten.

 Tige fan herten wolkom!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee × 2 =