Oldeclooster yn Bloemkamp sintraal op Krúspuntjiergearkomste

Oldeclooster yn Bloemkamp sintraal op Krúspuntjiergearkomste

 

logo kruspunt 1Yn 2017 wurde der alderhande aktiviteiten organisearre om’t it 500 jier lyn is dat de Reformaasje plak fûn hat. It wurk fan de muonts Luther stiet derom folop yn de belangstelling. Mar der wiene mear dy’t it net alhiel iens wiene mei de tsjerke fan dy tiid.

Op sneon 22 april hâldt Stichting Krúspunt syn jiergearkomste yn de kapel fan ‘Bloemkamp” yn Boalsert. Fanôf 11.00 is de ynrin foar de ‘stipers’’en dielnimmende organisaasjes.

Om 12.00 binne ek belangstellenden fan herte wolkom. It sop stiet ek foar harren klear om it eigen meinommen brochje op te iten. It middeisprogramma begjint om 12.45 oere mei de (mooglike) útrikking fan de Bernard Smilde priis foar it moaiste ‘Jûnsliet’.  Dhr. Trompetter fan Wolvegea sil in referaat hâlde oer hoe it de ‘wederdopers’ fergong yn en by it ‘Oldeclooster’ (=Bloemkamp) by Hartwert. Dit barren hat in grutte ynfloed hân op Menno Simons, pastoor yn Wytmarsum en op syn fogelingen de Menisten. Dichteres en sjongster Grytsje Kingma fleuret de dei op mei har muzyk. De dei wurdt beslettten mei in koarte fesperfiering.

Lês hjir it hiele Krúspuntdei programma.