Foarstelling ‘Jezus” fan Helmert Woudenberg yn’t Frysk

Foarstelling ‘Jezus” fan Helmert Woudenberg yn’t Frysk

Kommend wykein en it wykein fan 10 en 11 Maart bringe Gooitsen Eenling en ik yn twa dielen foar de lêste kear de fryske ferzje fan de foarstelling ‘Jezus’ fan Helmert Woudenberg oer it fuotljocht.
Helmert Woudenberg hat yn de rin fan de jierren namme makke mei in ykrukwekkende rige fan solo – foarstellingen wêr ’t hy sels de tekst foar skreaun hat.
Ien fan dy foarstellingen is ‘Jezus’. Sels net tsjerklik opgroeid en ek nea tsjerke – man wurden, is Woudenberg der yn slagge it ferhaal fan Jezus op in nije en ferrassende wize op toaniel te setten.
Mei help fan Jantsje Post ha wy dêr in Fryske oersetting fan makke en der ûnder regy fan regisseur Sander Kalsbeek in stik foar twa spilers fan makke. Jinke Lyklema en Anke Stavenga soarchje foar de muzikale omlisting fan de sênen.
Ietkafé De Wynze servearret op de dagen fan ís foarstelling in Bybelsk buffet.

Tiden:
(sneon 20 Jannewaris 20.00 oere en snein 21 Jannewaris: diel 1(de doop, de woestyn, de op troubrek trapearre frou, de timpel).
Sneon 10 Maart 20.00 oere en snein 11 Maart diel 2 (brea en wyn, dizze man, in minske fan ljocht).
Bibelsk buffet de sneons 18.00 oere; de sneins direkt nei ôfrin fan de foarstelling.
Kaarten: €7,50 p.p. (sûnder buffet); €25,00 p.p. (mei buffet)
Reservearjen ferplicht; dit kin via: jezusmonologen@gmail.com

Flyer Foarstelling Jezus