Ofskied fan it KFS op 30-12-2012

Ofskied fan it KFS op 30-12-2012

cimg0324_(small) - kopie

de kofje / tee mei kreakeling yn ’t skoft

Op 30 desimber 2012 kamen in lytse hûndert belangstellenden, wêrûnder in protte leden fan it Kristlik Frysk Selskip noch ien kear, no yn Burgum, byelkoar om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje.
It programma bestie út in feestlike byienkomst yn Glinstra State en letter op ‘e middei in fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum.
Yn Glinstra State spruts de foarsitter fan it KFS, dr. Liuwe H. Westra in tiidrede út mei as titel:

‘Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op de jongste dei’

Nei de lêzing komme twa pakesizzers fan ds. Sipke Huismans (ien fan de oprjochters fan’t Selskip) oan it wurd. Pakesizzer Sipke Huismans mei in persoanlik wurd oer syn pake en pakesizzer Dieuwke Rosalina Huismans droech in gedicht fan har pake foar.

Grytsje Kingma song tidens it middeisprogramma in tal lieten fan Fedde Schurer.

De fesper mei in koarte meditaasje, letter op de middei, yn in folle tsjerke stie ûnder lieding fan ds. Hinne Wagenaar.

Oan de fiering ferlienden in dûbelkwartet ûnder lieding fan Teake Posthuma en de sjonger Gerrit Breteler mei panist Johan Bijhold harren meiwurking.

Hoe’t besiker Wiep Koehoorn it middeisprogramma en de fesper belibbe falt te lêzen op syn blogspot.