Fryske fesper 22 oktober 2023 yn Ljouwert

Fryske fesper 22 oktober 2023 yn Ljouwert

Ek yn oktober wolle wy wer in Fryske fesper fiere yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke op snein 22 oktober o.s. de jûns om 19.00 oere. Tige wolkom!

Wy binne bliid dat wy net allinne yn tsjerke de fesper fiere. Digitaal is dat ek wer mooglik en hite wy dy harkers fan herten wolkom om de tsjinst mei ús mei te fieren. Dat kin fia de site http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl .

Yn dizze tsjinst sil foargean drs. T.R.A. Simonides fan Burdaard, wylst André Looijenga de foardrager is. Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang en Theo Boelens soarget mei syn dwersfluit ek foar in muzikale bydrage.

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze fesper-fiering.
De folgjende fesper is yn dit jier 2023 by libben en wolwêzen op 26 novimber.