Fryske fesper op 26 novimber, 2023

Fryske fesper op 26 novimber, 2023

Op snein 26 novimber o.s. sil der wer in Fryske fesperfiering holden wurde yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Ulbe Tjallingii en Giny Hopster nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. Diskear is oargelist Peter van der Zwaag net allinne begelieder fan de gemeentesang, mar soarget hy derfoar dat de fesper in oargelfesper wurdt. Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.

Fansels kin dat net om ‘e nocht en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.