Wolkom by Krúspunt!

Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om ‘e tsjerke.

button

Aginda

Ofbylding fan it skilderij ‘Buorkerij mei koalsied’ fan Jentsje Popma

Leauwe yn Fryslân’  –  jiergong 2022-2023

Lês hjir de kursusfolder yn it Frysk

Lees hier de cursusfolder in het Nederlands

Foar fragen kinne jo skilje (0517-341859) of e-maile (thibma@hetnet.nl) mei Tytsje Hibma ) of Liuwe Westra (06-30837586).

Elke snein wer in tsjerketsjinst troch omrop Fryslân op telefyzje.

Yn maart is de Ferbiningstsjerke fan de Westerein tsjerke fan ‘e Moanne ”. De oekumene is ek de kommende sneinen wer it útgongspunt.
De tsjinsten begjinne om 10.00 oere en wurde om 12.00 oere werhelle.

De ‘Tsjerketsjinsten Fryslân’ binne ta stân kommen op inisjatyf fan de Fryske Ried fan Tsjerken, de PKN-klassis Fryslân en St. Krúspunt. Om it mooglik te meitsjen, dat de tsjerketsjinsten ek yn de takomst fia Omrop Fryslân útstjoerd en organisearre wurde kinne, ûnder oaren mei goede muzikanten, kinne jo in bydrage stoarte op de bankrekken fan de Rie fan Tsjerken Fryslân:

NL15 RABO 0373744471 op namme fan Raad van Kerken Fryslan,
graach as omskriuwing Omroptsjinsten

 it rekkennûmer falt ûnder de
ANBI regeling

Bernard Smilde priis 2023:

Der is foar in nije opset keazen foar de Bernard Smilde priis. Foar de priis komme yn oanmerking:

Persoanen en/of organisaasjes dy’t him/ har der foar ynspand hawwe dat nije, oersette en besteande Fryske kristlike lieten en/of teksten, heard, songen en/of lêzen wurde.

De priis sil ien kear yn de twa jier útrikt wurde oan in persoan of oan in organisaasje.

Sjoch op dizze side ûnder nijsberjochten foar mear ynformaasje.

Krúspunt betinkt Bernard Smilde yn Akkrum

Op  sneon 9 april 2022 wie de Krúspuntdei yn Akkrum.  Dûmny Bernard Smilde, dy ’t dit jier 100 jier lyn berne wie, stie sintraal yn Akkrum.
Hy wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Fryske fesper yn Ljouwert, dy’t al 30 jier bestiet. Lútsen Kooistra prate de seal by oer de nije Fryske bibeloersetting, dy’t de opfolger wurde sil fan de oersetting dêr’t Bernard Smilde as redaksjesekretaris oan ferbûn wie. Liuwe Westra en Geart fan der Heide behannelden dûmny Bernard Smilde as oersetter en musikus.
It Kwartettekoar ûnder lieding fan Feike van Tuinen ferliende syn meiwurking
by it ôfsluten fan de dei mei in fesper, dy ’t ûnder lieding fan ds. Liuwe Westra stie.

Sjoch hjir foar it hiele deiprogramma.

Nije Fryske lietebondel

foto LLL

It earste eksimplaar waard oanbean oan de foarsitter fan Stichting Krúspunt, Sipke Huismans, en oan ds. David de Jong. De Jong wie redaksjelid en ien fan de meiwurkers, dy’t in hiel grut oandiel hân hat yn it ta stân kommen fan de bondel.

As jo  Є 20,- oermeitsje nei it rekkennûmer NL 29 INGB 0004 3194 90 op namme fan St Krúspunt Frysk Oek Platfoarm, wurdt de bondel jo fergees tastjoerd.
Tige wichtich is dat by de omskriuwing dúdlik  LLL en dan namme, adres. postkoade en wenplak opskreaun wurdt. Op de oerskriuwingen fermeldt de bank gjin namme en adres mear.

Klik hjir foar de ynhâldsopjefte.

Bibelbylden troch Willem Tjerkstra

It earste gedicht fan Bibelbylden waard skreaun yn oktober 2012 en gie werom nei it paradys, dêr’t de earste minske syn replyk joech op ’e pracht fan de skepping:  Replyk op it paradys. Dêrnei rûn gedicht nei gedicht op mei de Bibelboeken, mei útsûndering fan in lyts tal fan dy boeken, oant en mei Iepenbiering. Dêrnei kamen de grutte profeten yn sicht –  Jesaja, Jeremia en Ezechiël, –  dy’t ek stim krigen yn gedichten.

Lês hjir fierder

Uitzendingen kerkdiensten op Omrop Fryslân gaan door in 2023

De Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân en Omrop Fryslân hebben samen besloten, dat ook in 2023 op zondagochtend kerkdiensten worden uitgezonden: om 10.00 uur en herhaling om 12.00 uur.

De uitzendingen laten een grote verscheidenheid van het hedendaagse kerkelijk leven in Fryslân zien. Het gebruik van het Fries en af en toe Stellingwerfs, Bildts, Maleis past bij de normale meertaligheid van de provinsje Fryslân. Het element van de ‘mienskipsfoarming’ is één van de karakteristieken van deze diensten. De plaatselijke oecumenische samenwerking en de lokale muziekcultuur laten zien, dat de hele plaatselijke gemeenschap meedoet. Dit versterkt niet alleen de binding tussen de mensen die meedoen in de diensten en de kijkers thuis, maar nodigt ook steeds opnieuw de Friezen om utens uit tot het meebeleven van wat in de provinsje Fryslân gebeurt.

lees hier het hele persbericht.

Fryske fesper ek yn 2023 fia livestream

De Fryske fesper tsjinsten wurde ek yn 2023 útstjoerd fan út de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De útstjoering sil te folgjen wêze fia in livestream http://tiny.cc/jacobijner. Omdat dat ekstra kosten meibringt hat de wurkgroep St. Krúspunt frege om syn rekkennûmer brûke te meien om de ekstra kosten te bestriden. Dyjingen dy’t de livestream folgje krije dan de kâns om fia it rekkennûmer:
NL29 INGB 0004 3194 90 op namme fan Stifting Kruspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm harren bydrage oer te skriuwen mei as omskriuwing Fryske Fesper.

Klik hjir foar mear ynfo

Dielnimmende organisaasjes

Binne jimme in organisaasje dy’t de Fryske taal of in Fryske streektaal brûkt by kristlik-spirituele en/of tsjerklike aktiviteiten? Slút jim dan oan by Krúspunt. Der binne al in soad organisaasjes dy’t har by Krúspunt oansletten hawwe, lyk as:

En noch folle mear! Sjoch foar in oersicht de side Dielnimmende organisaasjes. Twifelje net langer en meld jo organisaasje oan!

button