Lieten fan leauwe en langstme

Lieten fan leauwe en langstme

It earste eksimplaar waard oanbean oan de foarsitter fan Stichting Krúspunt, Sipke Huismans, en oan ds. David de Jong. De Jong wie redaksjelid en ien fan de meiwurkers, dy’t in hiel grut oandiel hân hat yn it ta stân kommen fan de bondel.

Lykas it nije Lieteboek, ‘Sjonge en bidde thús en yn tsjerke’ hat de bondel ‘Lieten fan leauwe en langstme’ in oekumenyske opset. Faaks noch wat breder. De redaksje hat de hoop dat dizze bondel en weardefolle oanfolling op ‘It Lieteboek’ wêze mei foar de folle breedte fan de tsjerken en gemeenten yn Fryslân.

 

Klik hjir foar it register op begjinrigels en titels.      
Klik hjir foar it register op de oarspronklike begjinrigels en titels.

As jo € 25,- oermeitsje nei it rekkennûmer NL 29 INGB 0004 3194 90 op namme fan St Krúspunt Frysk Oek Platfoarm, wurdt de bondel jo fergees tastjoerd. Tige wichtich is dat by de omskriuwing dúdlik  LLL en dan namme, adres. postkoade en wenplak opskreaun wurdt. Op de oerskriuwingen fermeldt de bank gjin namme en adres mear.

Lieten fan leauwe en langstme
ISBN 978-90-8520-308-7
NUR 709
C-NUR 709-030
© 2019 Stifting Krúspunt
© 2019 Royal Jongbloed, It Hearrenfean
www.royaljongbloed.nl